Keninginnetsjerke (Rotterdam)

De Keninginnetsjerke wie in herfoarme tsjerkegebou oan de Boezemsingel yn Rotterdam. De nei keninginne Wilhelmina ferneamde tsjerke waard yn 1907 yn gebrûk nommen en yn 1972 ôfbrutsen. Lêzers fan it Nederlands Dagblad keazen yn 2013 de Keninginnetsjerke út as de moaiste ôfbrutsen tsjerke fan Nederlân.[1]

Keninginnetsjerke

Koninginnekerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
gemeente Rotterdam
adres Boezemsingel
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1904-1907
sloopjier 1972
arsjitekt Hooijkaas & Brinkman
boustyl Art-deco
 
Ynterieur flak foar de ôfbraak (1971)

De tsjerke waard boud foar de Nederdútsk Herfoarme Gemeente yn de wyk Crooswijk, neffens in ûntwerp fan de arsjitekten Barend Hooijkaas (1855-1934) en Michiel Brinkman (1873-1925).

Oan it begjin fan de 20e iuw waarden der nije wiken bûten de âlde stêd boud. De ûntfolking fan de binnenstêd liede ta legere tsjerken, dy't foar in part sletten en ferkocht waarden. It dêrmei fertsjinne jild waard brûkt foar de bou fan nije tsjerken yn de bûtewiken. De bou fan de tsjerke waard ek mooglik makke troch rynske bydragen fan de tige rike susters Elisabeth en Maria van Dam, dy't njonken de bou fan de Keninginnetsjerke ek de bou fan de Wilhelminatsjerke yn Rotterdam-Sud en it Diakonessenhûs yn Rotterdam mooglik makken.

De earste stien waard yn july 1904 lein en op 1 april 1907 waard de tsjerke yn gebrûk nommen. Om't De Doelen yn de Twadde Wrâldkriich bombardearre wie, waard de tsjerke fan 1940 oant 1966 ek as konsertseal foar it Rotterdamsk Filharmoanysk Orkest brûkt.

De tsjerke wie in grutte krústsjerke mei in ferhege krusing en twa 55 meter hege tuorren, dy't troch koepelfoarmige koperen spitsen ôfsletten wiene. De tsjerke wie tige ryk oan fersierings en hie 1.700 sitplakken.

Yn de jierren 1960 rekke de tsjerkegong der wat út en ek it Filharmoanysk Orkest krige in oare lokaasje. Wylst de tsjerke ûnderhâld nedich hie, namen de ynkomsten ôf. It gemeentebestjoer ûnder lieding fan PvdA-boargemaster Wim Thomassen wie in grut foarstanner fan stedsfernijing. It plan wie om de tsjerke ôf te brekken om plak te meitsjen foar in bejaardehûs. Tsjin de ôfbraak ûnstiene fûle protesten fan de befolking, mar op 31 desimber 1971 waard de lêste tsjinst fierd en yn 1972 folge de sloop fan it monumintale tsjerkgebou.

Op it plak fan de tsjerke ûnstie in bejaardehûs fan 13 ferdjippings, dat de namme Woonzorgcentrum Hoppesteyn krige. Yn 2001 waard de saneamde Keninginnetoer boud, in 78 meter heech gebou mei apparteminten foar âlderen. De boppeste ferdjippings binne grien makke en ferwize nei it kopergrien fan de twa spitsen fan de tsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: