De Keningsroede is in âlde Fryske lingtemjitte. De lingte waard yn 1813 offisjeel fêststeld op 3,91278 meter.

De standert fan dizze maat is yn 1564 troch de steedhâlder fan de kening fan Spanje op it stedhûs fan Ljouwert steld. Lânmjitters moasten oant de Frânske tiid mei útsluting fan alle oare fan dizze lingtemaat brûke.

De roede wurdt ferdield yn 12 fuotten, dat is 144 tommen. In keningsfoet is sadwaande 32,6065 sm lang, in tomme 2,7172 sm.

De keningsroede foarmet de grûnslach fan it pûnsmiet. In pûnsmiet is 240 fjouwerkante keningsroede. De pûnsmiet wurdt ferdield yn 12 einsen, elts fan 20 fjouwerkante roeden.

  • Jean Henri van Swinden - Vergelijkings-tafels tusschen de Hollandsche lengte-maten en den mètre; met het nodige onderrigt over dezelve maten, Amsterdam 1812.
  • Klaas Bouwer - Cultuurlandschapsvormen aan de westzijde van het Drents Plateau, proefskrift Grins 1970, side 30-31.