Kennebec (rivier)
(Trochferwiisd fan Kennebek (rivier))
De Kennebec is in rivier yn de steat Maine fan de Feriene Steaten. De rivier is 240 kilometer lang, ûntspringt út it Mooseheadmar en mûnet yn de Merrymeetingbaai, dêr't ek de Androscoggin en fiif lytsere rivieren yn útkomme, oan de Atlantyske kust.
De earste Jeropeaan dy't de rivier beskreaun hat is Samuel de Champlain by syn ekspedysje yn 1605-1606.