Ketsjaris Vank (Armeensk: Կեչառիս Վանք) is in oan it begjin fan 'e 11e iuw troch Grigor Magistros stifte midsiuwsk kleaster yn Armeenje. It stiet op 60 kilometer fan Jerevan yn 'e wintersportstêd Tsaghkadzor. It folslein restaurearre kleaster is fanôf de skypystes goed te sjen.

Ketsjaris Vank
Կեչառիս Վանք
Lokaasje
lân Armeenje
provinsje Kotajk
plak Tsaghkadzor
koördinaten 40°32'N 44°42'E
Kleastergegevens
oprjochting 11e iuw
oprjochter Grigor Magistros
Ynformaasje bou
boujier 11e oant 13e iuw
Kaart
Ketsjaris Vank (Armeenje)
Ketsjaris Vank

De gebouwen datearje út de 11e oant de 13e iuw. De koepels fan 'e twa grutte tsjerken rekken slim skeind by de ierdskodding fan 1927. Yn 'e Sovjet-tiid waard fierder ferfal tefoarren kommen, mar de werbou sette útein yn 'e jierren 1980. Lannelike swierrichheden makken lykwols ynearsten wer in ein oan it herstel. Yn 1988 waard it lân slim troffen troch in nije ierdskodding, yn 1991 foel de Sovjet-Uny út inoar en briek de kriich yn Nagorno-Karabach út en dêrnjonken waard Armeenje hurd troffen troch de blokkade fan Turkije en Azerbeidzjan.

Yn 1998 makke in donaasje fan Vladimir Harûtjûnjan, in Armeenjer út Wenen, it mooglik dat de restauraasje wer oppakt wurde koe, dy't mei de jefte syn âlden betinke woe.

 
Plattegrûn kleaster.

It kompleks bestiet út trije tsjerken, twa kapellen en in gavit en west dêrvan, in hûndert meter fierder oan 'e wei nei it bosk, in oare tsjerke, de Soerp Harûtsjûn (Tsjerke fan it Teken, 1220). Om de monuminten hinne steane noch in soad grêfmonuminten. De âldste tsjerke is de Soerp Grigor út 1033.

  • 1: Tsjerke fan Gregoarius de Ferljochter (Soerp Grigor,1033).
  • 2: Tsjerke fan it Teken (Soerp Nsjan; op basis fan details datearre yn 'e 11e iuw, mooglik fuort nei de bou fan de Gregoariustsjerke).
  • 3: Katedraal (foltôge yn 1214).
  • 4: Gavit.

(Net op de kaart stiet de Tsjerke fan de Hillige Opstanning (Soerp Harûtsjûn; 1220), in grêfkapel dy't west fan it kleasterkompleks stiet)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: