Keympe fan Donia
Keympe fan Donia (Ljouwert ?, 1554 - De Haach, 3 novimber 1622 ) wie in foaroansteand man yn de tiid fan Willem Loadewyk. Hy wie riedshear yn it Hof fan Fryslân (14 maaie 1616), lid fan de Steaten-Generaal. Hy is de soan fan Frans fan Donia en Trijn fan Gerbranda. Ek neamde hy him wol Harinxma fan Donia troch syn ôfstamming fan Sierx Harinxma, dy't de namme fan Donia oannaam.
Yn 1580 ûndertekene hy as Deputearre in rekwest fan de Steaten oan steedhâlder Rennenberg, him fersykjend de Uny fan Utert oan te nimmen. Yn dy betrekking wurke hy ek mei oan de oprjochting fan de Hegeskoalle fan Frjentsjer en oan de beneaming fan de heechleararen dêr. Yn 1586 waard hy kurator fan dy ynstelling, dy't er sûnder geniet fan in jierwedde oant 1594 allinnich waarnaam. Doe waard neist him oansteld Hobbe fan Waltinga, wylst yn 1604 noch twa kurators keazen waarden, en oan allegear in traktemint fan 150 gûne taskikt waard. Yn 1588 wie hy ôffurdige fan de Steaten-Generaal, wat er oant syn dea dwaan bliuwe soe.
Hy neamde him yn De Haach krektas oaren mei in dûbelde namme (meastal nei harren goed of doarp), Hear ta Jelsum. Mei dizze nammen ûndertekene er sels steatsstikken, wat him lykwols strang ferbean waard troch de Steaten fan Fryslan, dy't bewearden dat dat soks net koe foar in Frysk ealman. Yn dizze tsjinst wurke er ek mei oan de fredehannelingen dy't yn 1609 it Tolverjierrich Bestân as gefolch hiene. Hy wie fan 1594-1616 grytman fan Ljouwerteradiel, in funksje dy't hy op 15 maart 1616 oerdroech op syn soan Ernst fan Donia. Yn 1620 waard him as kommitearre fan de Ried fan Steat opdroegen de lykstaasje fan de Fryske steedhâlder te folgjen. Yn 1621 wenne hy yn Menaam. Syn frou Frouck fan Goslinga skonk him alve bern. Derbinne ferskate gedichten oan him wijd, en oare troch Johannes Fungerus en Lieuwe fan Aitzema oan him opdroegen. Syn namme komt foar yn it album amicorum fan Kunera fan Douma mei de spreuk: ‘Si Deus pro nobis, quis contra nos’.
Syn troch in ûnbekende keunstner skildere portret is yn besit fan J.J. Wierts te Kampen.
Funksjes
bewurkje seksje- kurator fan de Hegeskoalle
- ôffurdige nei de Steaten-Generaal (1588 - 1622)
- grytman fan Ljouwerteradiel
- riedshear yn it Hof fan Fryslân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|