Kirchberg (Hunsrück)
Kirchberg is in stêd yn it Rhein-Hunsrück-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It is it bestjoerlike sintrum fan de Verbandsgemeinde mei deselde namme. Kirchberg leit 10 kilometer westlik fan Simmern en 12 kilometer eastlik fan it Frankfurt-Hahn.
Kirchberg (Hunsrück) | |
---|---|
Marktplatz mei de Sint-Michaeltsjerke | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Rynlân-Palts |
Sifers | |
Ynwennertal | 3.993 (31.12.2019) |
Oerflak | 18,05 km² |
Befolkingstichtens | 221 / km² |
Hichte | 420 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | www.stadtkirchberg.de |
De stêd leit op de top fan in berch en krige yn 1259 stedsrjochten. Dêrmei is Kirchberg de âldste stêd op de Hunsrück. Oant de 16e iuw bleau de stêd ien fan de wichtichste sintra op de Hunsrûck.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeTsjerken
bewurkje seksje- De roomske Sint-Michaeltsjerke (Kirche St. Michael) út de 13e-15e iuw mei it tsjerkeplein en de katolike pastory (1765). De Michaeltsjerke waard oant de bou fan de protestantske Fredestsjerke (Friedenskirche) oan de Simmerner Straße yn de jierren 1965–1967 troch sawol de roomske as de protestantske mienskip brûkt.
Oare monuminten
bewurkje seksje- It út de 17e iuw datearjende riedshûs, Marktplatz 5;
- Fakwurkhûs Marktplatz 6 mei in fiifsidige erker (1698);
- De Swanne-Apteek, Marktplatz 4, 17e-iuwsk fakwurkhûs;
- Fakwurkhûs Marktplatz 11 (twadde helte 17e iuw) njonken de poarte nei it Kirchplatz;
- Ealshôf oan de Hauptstraße 75 mei in slingertrep út 1578;
- Wettertoer út 1899.
Museum
bewurkje seksje- Heimatmuseum yn de Eifelgasse (fakwurkgebou út 1732).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kirchberg (Hunsrück) fan Wikimedia Commons. |