Klaas Aukes van Kleffens
Klaas Aukes van Kleffens (Moarrewâld, 19 april 1815 - dêre, 14 maart 1906), wie in riedslid, bestjoerder en earelid fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou.
Om 1818 is de húshâlding Klaas van Kleffens yn it Blauhús oan de Krúswei yn Moarrewâld komd te wenjen en yn 1850 hat hy it ferkocht. Klaas Aukes van Kleffens waard liberaal gemeenteriedslid fan Dantumadiel yn 1851. Neffens bepalingen fan de nije gemeentewet moasten de riedsleden nei 29 juny 1851 keazen wurde troch de ynwenners fan de gemeente. Doe't yn septimber de nije gemeenteried keazen waard wie Van Kleffens der net mear by. Op 23 septimber waard Jan Cornelis Herder út Sibrandahûs keazen, mar om't dy de beneaming net oannaam, waard Klaas Aukes van Kleffens riedslid. Dat bleau hy oant 1865. Yn 1867 waard hy opnij riedslid. Syn partij hjitte doe Consistuële kiesvereniging. Tsien jier letter waard hy wethâlder foar de partij 'Foarútgong yn Dantumadiel'. Hy bleau wethâlder oant 1899.
By de oprjochting fan de ôfdieling Dokkum-Dantumadiel fan de Fryske Mij yn 1852 waard Klaas Aukes van Kleffens bestjoerslid, en yn 1880 earelid. Dat jier waard hy bestjoerslid fan it Feefûns kanton Dokkum en foarsitter fan de Feriening ta feredeling fan it hynsteras yn it kanton Dokkum.
Fierders wie Klaas Aukes van Kleffens yn 1864 machtige en foarsitter fan wetterskip Jantsje Seepolder ûnder Dantumawâld en yn 1878 wie hy belanghawwende by de oprjochting fan it wetterskip De Broek. Hy ferstoar 14 maart 1906.