Klaas Veenboer wie it pseudonym fan Arie Zuidervliet, in NSB'er út de omkriten fan Zaandam dêr 't er op 18 july 1941 wethâlder waard. Zuidervliet wie fan 1932 direkteur fan de gemeentlike hannelsdeiskoalle yn Zaandam. Hy wie troud mei Magdalena Christina Houthuijse (* 16 septimber 1880 - † 19 juny 1945).

De nasjonaalsosjalistyske útjouwerij De Schouw skreau yn 1942 een romanpriisfraach út. It winnend manuskript wie Ai van Dirreke fan A. Zuidervliet, dat yn 1943 by dy útjouwerij útbrocht waard. It gie om in streekroman dy 't spilet yn de Krimpenerwaard, dêr 't de skriuwer berne wie. It boek, skreaun yn dialekt, hie 300 siden en belibbe trije printingen. De sjuery, besteande út NSB ' ers, kende him de earste priis ta. Zuidervliet krige lykwols mar 3000 gûne yn stee fan de folle earste priis fan 5000 omdat de sjuery syn boek dêrfoar krekt net goed genôch fûn. [1] Oare publikaasjes fan syn hân binne net bekend.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. NRC-Handelsblad, 29 july 1987 Rieplachte 21 oktober 2020