Klavdi Lebedev
Klavdi Vasilijevitsj Lebedev (Russysk: Клавдий Васильевич Лебедев; berne op 16 oktober 1852 – ferstoarn op 21 septimber 1916) wie in Russyske skilder en in lid fan de realistyske keunstgroep De Swalkers.
Klavdi Lebedev | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Klavdi Vasilijevitsj Lebedev | |
nasjonaliteit | Russysk | |
berne | 16 oktober 1852 | |
stoarn | 21 septimber 1916 | |
stjerplak | Moskou | |
etnisiteit | Russysk | |
wurkpaad | ||
streaming | De Swalkers |
Lebedev wie ôfkomstich út in boerelaach en studearre oan de Nasjonale Stroganovakadeemje fan Keunst en Yndustry yn Moskou en by Vasili Perov, Illarion Prjanisjnikov, Aleksej Savrasov en Evgraf Sokorin oan de Moskouse Skoalle fan Skilderkeunst, Byldhoukeunst en Arsjitektuer. Sûnt 1890 dosearre hy dêr sels.
Yn 1881 krige er in grutte sulveren ûnderskieding fan de Keizerlike Keunstakadeemje en krige de titel fan in tige goed keunstner. Yn 1891 waard er lid fan De Swalkers. Sûnt 1906 waard er keazen as folweardich lid fan de Keunstakadeemje.
Tema's fan de Russyske skiednis fan de 10e oant 17e iuw hiene de foarkar. Klavdi Lebedev ferstoar yn 'e âldens fan 63 jier sûnder dat er it skilderij folôgje koe dat er oan Ivan de Grousume opdroegen hie.
-
Doop fan Ruslân
-
Kammeraden
-
Bojarenbrulloft
-
Moskouse troepen dreaune yn 1471 de Vetsje fan Novgorod en stêdhâlder Marfa Boretskaja út inoar