De Klaverbank is in sânbank yn de Noardsee yn it noardwestlike part fan it Nederlânske kontinintaal plat, sa'n 160 km noardwestlik fan De Helder. It gebiet beslacht goed 1200 km².[1] Súdlik fan de Doggersbank grinzget de bank oan it Feriene Keninkryk. De bank bestiet benammen út grint en leit 30-40 meter ûnder it see-oerflak. De Klaverbank en soksoarte fan grintbanken binne in oerbliuwsel fan in rivierdelte dy't ûntstie doe't de Noardsee droech lân wie.

Kaart mei in stikmannich gebieten yn de Noardsee, û.o. de Klaverbank

De boaiemfauna yn dit gebiet hâldt wol 200 soarten yn, ûnder oaren troch it grut ferskaat oan boaiemtypen. De floara en fauna binne oars as yn de omringende en gewoanere sân- en slibboaiem fan de see.

Der rint in trôch troch de bank, de Botney Cut.

Grintwinning

bewurkje seksje

De Klaverbank is ien fan mar in pear plakken yn it Nederlânske part fan de Noardsee dêr't grint en beton- en mitselsân op it boaiem foarkomt. De Nederlânske oerheid woe it gebiet dêrom ek brûke foar it winnen fan grint, en brocht dêrfoar yn 2001 in mer-proseduere op gong. Op 27 augustus 2003 besleat it ministearje fan Ferkear en Wettersteat dy proseduere te staken, ûnder oaren omdat de mooglike opbringst beheind wie, en omdat it bedriuwslibben net folle belangstelling foar it grint fan de Klaverbank hie. Neffens it MER-rapport hie de eksploitaasje om reden fan miljeu wol kind. Miljeuorganisaasjes hiene lykwols protestearre tsjin dy grintwinning.

Op de Klaverbank binne fossile dinosauriërs fûn, resten fan Iguanodontia. Dy soene dêr lykwols earst yn de iistiden telâne kaam wêze troch gletsjers fan de Skotske iiskape.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Noordzeeloket Nederlandse Overheid, Noordzeegebieden: Klaverbank
  2. Mulder, Eric W.A.; Fraaije, René H.B., 2016, "New records of Early Cretaceous iguanodontian dinosaur remains from the Dutch sector of the North Sea", Neues Jahrbuch für Geologie und Paläontologie - Abhandlungen 282(3): 271-277