Kleaster De Stad Gods
Kleaster de Stad Gods is in kleaster yn it súdeasten fan Hilfertsom, lizzend yn in boskich gebiet benoarden fan de Soestdikerstrjitwei. It kleaster "de Stad Gods" bestiet sûnt 1946 en húsfêste is yn in gebou út 1900.
It kleaster makket diel út fan de oarder fan de Augustinessen fan Sint-Monika, bekend troch harren klam op earmoede (de susters liften bygelyks geregeld). De namme fan it kleaster ferwiist nei it haadwurk De Civitate Dei (Oer de stêd Gods) fan Sint-Augustinus, de nammejouwer fan de oarder. Der is fierders in boarterstún foar bern, en in gasteferbliuw foar froulju dy't it tydlik thús net mear oan kinne.
Hast de hiele wike binne der missen en gebedstsjinsten, en op snein wurdt ek altiten in mis opdroegen dy't foar eltsenien tagonklik is.
-
Kleaster de Stad Gods
-
sydoansjoch
-
buorkerij Casella
-
buorkerij Casella
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |