Kleaster Genezareth

It Kleaster Genezareth of Kleaster Nazareth sa't it ek wol neamd waard, wie ien fan de âldste kleasters fan Fryslân. It wie in dochterkleaster fan de abdij Klaarkamp by Rinsumageast en hearde sa ta oarder fan de Bernardinen. As stiftingsjier wurdt oannommen 1163.
Fan it kleaster is neat mear oer bleaun, Op it plak stiet no in pleats. Sa no en dan wurdt der noch wol ris wat fûn. De streek Gennaard hat noch de ôflate namme en oan de Hallumer Trekfeart stiet noch in mûne mei de namme Kleasterpoldermûne.

 
De Kleasterpoldermûne hâldt Genezareth noch yn omtinken

Klaarkamp wie in dûbelkleaster mei sawol muontsen as nonnen. Dêr kamen praatsjes oer. It kaam dus de abt goed út dat Freark fan Hallum plannen hie om in norbertinerkleaster te stiftsjen. Tusken de Hallumer Trekfeart en de Hijumer Feart lei doe in stik gebiet dat eins sompich wie. It ideaal plak foar it stiftsjen foar in sistiënzer kleaster. It lei iensum en der koe lân oanmakke wurde. De biskop fan Utert, Frederik fan Blankenstein, wie it mei de stifting iens. Dêrby kaam ek dat Frederik eins gjin norbertiner kleaster by Hallum hawwe woe. De ûnderhandelings tusken Freark en Klaarkamp om him oan te sluten by de sistiënzers wienen mislearre. Freark holde foet by stik om him by de norbertiners te gean.
Efter de stifting hawwe de Camminga's sitten. Se hienen te beneamen fan in abt fan Klaarkamp yn hannen. It spriek dan hast ek fansels dat de earste susters Camminga's wienen. Letter hat dat laat ta in jierrenlange juridyske striid om stik lân tusken Genezareth en Mariëngaarde. Genezareth koe úteinlik bewize, dat it lân har troch de Camminga's taskikt wie. Der kaam letter konkurrinsje doe't Freark fan Hallum oan de oare kant fan de Ie it frouljuskleaster Bethlehem stifte.

De bewensters

bewurkje seksje

De bewenners fan de kleasters kamen út aadlike fermiddens. It slagge net altyd om de bern oan in lykweardige famylje út te houlikjen. Foar sokken wie dan de wei om it kleaster yn te gean. Sa sil it nonnen fan Genezareth ek gien wêze. De ferhalen dat de nontsjes op it lân stienen te spitten, moatte mei in kerltsje sâlt nommen wurde. Wat de nonnen wol dienen wie de liturgy fiere. Foaral it bidden foar it sieleheil fan ferstoarnen wie wichtich. By in ferstjerren joech de famylje lân oan in kleaster, mei as tsjinprestaasje dat se de ferstoarne yn it gebed betochten.
Letter die bliken dat de nonnen ferdield waarden yn sjongende en wurkjende susters.

Genezareth as frij ûnbekend kleaster

bewurkje seksje

Der is net folle bewarre oer hoe't it yn Genezareth om en ta gie. Wol is it dúdlik dat Genezareth net in earm kleaster wie. It kleaster hie 230 bunder lân yn har besit. Dat hat de kleastergeast beynfloede. It behear fan it lân, faak oer mear doarpen ferspraat, naam de nedige tiid yn beslach.

De ein yn 1580

bewurkje seksje

Yn 1580 namen de Steaten it behear fan de Fryske kleasters oer. De nonnen dy't ferseinen dat se gjin aktiviteiten mear ûndernimme soenen, krigen in alimintaasje, in pinsjoen.

De lêste priorinne

bewurkje seksje

De lêste abt fan Klaarkamp, Gerardus Jacobi, krige in hûs yn Frjentsjer. Hy wenne dêr mei Theodorus Petri, ek fan Klaarkamp. By harren wennen Tsjiske Piters fan Genezareth en har nicht Aukje Andrysd. Dit moatte de lêste priorinne en subpriorinne fan Genezareth west hawwe. Se wurde yn 1608, it stjerjier fan Gerardus Petri noch neamd, foar de kosten dy't se makke hienen yn syn sykte. Hoe't mei de oaren gien is, is net dúdlik. Der wurdt tocht dat guon wer nei de famylje gien binne.