Genezareth-Kleasterpoldermûne
(Trochferwiisd fan Kleasterpoldermûne)
De Genezareth-Kleasterpoldermûne is in poldermûne oan de Trekwei, súdeastlik fan Hallum yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
Genezareth-Kleasterpoldermûne | ||
mûne / mole | ||
De mûne yn oktober 2022 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Hallum | |
adres | Trekwei | |
koördinaten | 53° 17'N 5° 49'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 15,92 meter | |
boujier | 1850 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | De Fryske Mole | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15642 [1] | |
Webside | ||
Side De Fryske Mole | ||
Kaart | ||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Kleasterpoldermûne Genezareth, in mealreeë grûnsiler stiet likernôch trije kilometer súdeast fan Hallum oan de Hallumer Feart. Hy waard yn 1850 boud foar de bemealling fan de polder Genezareth, dy't ek de Kleasterpolder neamd wurdt. It is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, reiddutsen en in flecht fan 15,92 m.
Yn 1976 waard de mûne eigendom fan de Stifting De Fryske Mole. Hy waard yn 2006 troch it Wetterskip Fryslân oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst. De mûne is op ôfspraak te besichtigjen.
De mûne krige yn 2017 nije roeden.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|