Kleaster fan Tolga

It Kleaster fan Tolga, offisjeel it Kleaster fan 'e Tempelgong fan 'e Hillige Faam (Russysk: То́лгский Яросла́вский в честь Введе́ния во храм), is in otterdoksk nonnekleaster oan 'e lofter kant fan 'e Wolga yn Jaroslavl, Ruslân.

Kleaster fan Tolga

Толгский монастырь

Tolgakleaster oan 'e Wolga.
Tolgakleaster oan 'e Wolga.
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Jaroslavl
koördinaten 57° 41' N 39° 49' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
Ynformaasje bou
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 7610073000
Webside
montolga.ru
Kaart
Kleaster fan Tolga (Jeropeesk Ruslân)
Kleaster fan Tolga

De stifting fan it oarspronklik yn 1314 troch de biskop fan Rostov as kleaster foar muontsen stifte kleaster, barde op it plak dêr't in wûnderdiedich ikoan fan 'e Mem Gods (De Teotokos fan Tolga) fûn waard. Nei't it kleaster sechtich jier lang yn 'e Sovjet-tiid sletten wie, waard it yn 1987 wer as kleaster foar nonnen iepene. De namme Tolga komt fan 'e rivier Tolga, dy't troch Jaroslavl streamt.

By it kleaster leit in unyk lyts park út de 16e iuw, dêr't Sibearyske seder's groeie.

 
Teotokos fan Tolga.

Neffens de oerlevering tanket it kleaster it bestean oan 'e fynst fan in ikoan oan 'e igge fan 'e Wolga op sa'n 8 werst fan Jaroslavl. De ikoan waard ûntdutsen troch Trifon, de metrolyt fan Rostov, dy't seach dat it yn in aureoal boppe de grûn sweve. Jimmeroan ferskynde de ikoan op itselde plak en dat waard as in godlike oanwizing ferstien, dat op dat plak in tsjerke boud wurde moast.

Oant yn 'e 17e iuw wiene de gebouwen fan it kleaster fan hout. It kleaster hie dan ek in soad fan brân te lijen, foar it lêst yn 'e 16e iuw doe't it hiele kleaster, mei útsûndering fan 'e wûnderdiedige ikoan, troch it fjoer fertard waard. Yn 1609 plonderden Poalsk-Litouske troepen it kleaster en waarden alle muontsen fan it kleaster fermoarde. Likegoed spile it kleaster in wichtige rol by de folksopstân ûnder Kûzma Minin en Dimitri Pozjarski en rekke sa yn heech oansjen by de tsaren, dy't it kleaster mei skinkings en lân begeunstigen. Yn it lêste tredde part fan 'e 17e iuw feroare it kleaster yn in grutte bouput en waarden hast alle bouwurken op grutskalige wize op 'e nij yn stien oplutsen.

 
It kleaster yn 1910

Der kaam yn 1929 ûnder de bolsjewiken in ein oan it monastike libben yn it kleaster. It kompleks foel yn 1936 ûnder de ferantwurdlikens fan it Folkskommisariaat fan Ynlânske Saken, dat yn 'e jierren 1950 yn 'e gebouwen in opfiedingsgesticht foar bern ûnderbrocht. Foar dy funksje moast in diel fan 'e gebouwen ferboud wurde en dêrmei rekke it noch besteande ynterieur slim skansearre.

Yn it ramt fan it 1000-jierrich jubileum fan it kerstenjen fan 'e Rûs yn 1987 waard it kleaster oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke werom jûn. Hjoed-de-dei wenje der yn it kleaster likernôch 100 nonnen en pachtet it kleaster fan 'e oerheid mear as 254 hektare grûn foar agraryske doelen.

Sûnt 2003 krige de ikoan fan de Mem-Gods-fan-Tolga ek wer in plak yn it kleaster. Tûzenen pylgers en toeristen bringe alle jierren wer in besite oan it kleaster.

Arsjitektuer

bewurkje seksje
  • De Tempelgongtsjerke waard yn 'e hjoeddeiske foarm tusken 1681 en 1688 boud en stiet op it plak fan 'e earste houten tsjerke út de 14e iuw. Doe't de katolikon boud waard, ferfong it in 16e-iuwsk tsjerkegebou, dat mooglik noch troch Ivan IV stifte wie. De tsjerke tsjinne ek as grêftsjerke fan foaroansteande boargers, minsken fan 'e adel en de hegumen fan Tolga. Yn 'e jierren 1690 waard de tsjerke beskildere troch keunsters út Jaroslavl en Kostroma.
  • Oan 'e noardwestlike hoeke fan it foarportaal fan 'e katolikon stiet de klokketoer. De trije ûnderste ferdjippings datearje út 1683-1685. De toer waard yn 1826 mei twa ferdjippings yn klassistyske styl ferhege.
  • Troch in fleugel mei in gong yn 'e ûnderste ferdjipping en in sletten galerij op 'e boppeste ferdjipping wurdt de Krúsferheffingstsjerke ferbûn mei de refter, dy't eastlik oan 'e tsjerke oanslút. De refter datearret út 1625, mar waard yn 'e jierren 1670 foar in grut part op 'e nij boud en yn 'e 19e iuw yn klassistyske styl ferboud. Benammen de refter hie yn de Sovjet-tiid swier te lijen troch de feroaring fan funksje. Tuskenmuorren waarden útbrutsen en dragers fan staal ynbrocht, wêrtroch't de hiele histoaryske muorredekoraasje ferlern gyng. De tsjintwurdige beskildering fan 'e tsjerke yn 'e styl fan de skoalle fan Jaroslavl fan 'e 17e iuw datearret út 2000-2002 en waard oanbrocht troch studinten fan de Russyske Keunstakademy.
  • De barokke Ferlossertsjerke stiet yn it noardeastlike diel fan it kompleks en waard yn 'e jierren 1710 boud. It gebou fertsjintwurdiget de Moskouse barok en hat in achthoekige toer mei njoggen sipels.
  • It kompleks wurdt omsletten troch in sterke ferdigeningsmuorre mei acht tuorren, dy't yn 'e 17e iuw boud waarden. De bou fan 'e Hillige Poarte waard mooglik makke troch de bruorren Semjon en Ivan Svertsjkov. De tsjerke fan 'e Hillige Poarte is wijd oan 'e hillige Nikolaas.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:de:Kloster zu Mariä Tempelgang von Tolga]