Klein-Kullen (Limburchsk: Kling-Kulle) is in buorskip besuden Epen yn de gemeente Gulpen-Wittem yn de Nederlânske provinsje Limburch. De buorskip leit yn it dal fan de Sielerbeek of Terzieterbeek tusken Terziet en Kuttingen, fuort oan de grins mei Belgje.

Krús yn in nis fan de muorre fan de pleats fan Klein-Kullen.

Klein-Kullen bestiet út inkele pleatsen oan Terzieterwei, dêr't ien fan de namme 'Klein-Kullen' draacht.