Terziet
Terziet (Limburchsk: Terziêt) is in buorskip besuden Epen yn de gemeente Gulpen-Wittem yn de Nederlânske provinsje Limburch. De buorskip leit yn de delling fan de Terziererbeek/Sielerbeek tusken Plaat en de grins mei Belgje.
Terziet | ||
Terziet | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Limburch | |
gemeente | Gulpen-Wittem | |
himrik | Epen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | ±90[1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 45' 41" NB, 5° 54' 44" EL | |
Kaart | ||
Yn de 14e iuw waard de buorskip oantsjut as Rosit of Rosyt. De namme is nei alle gedachten ôflaat fan it wurd rausa, dat 'reid' betsjut.
Yn Terziet steane ferskate fakwurkpleatsen en -huzen.
Op it krúspunt mei de Helweg stiet in Marijekapel. By Terziet lizze de natuergebieten Onderste Bos en Bovenste Bos.
Terziet en Kuttingen binne in beskerme doarpsgesicht.
Troch it buorskip streamt de Terzieterbeek, dat is in sydstream fan de Geul. Yn Terziet streame ferskate sydstreamen út. Under oaren de Helbergbeek, Bredebron en de Fröschebron. [2]
Fakwurkgebouwen yn Terziet
bewurkje seksjeYn Terziet steane ferskate fakwurkgebouwen. Dy gebouwen binne allegear ryksmonuminten.
-
Fakwurk mei makeler
-
De makeler...
Keppelimg om Utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Terziet fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |