Klemens fan Aleksanderje

(Trochferwiisd fan Klemins fan Aleksanderje)

Klemens fan Aleksanderje (Titus Flavius Clemens) (wierskynlik Atene, ±150 - 215) wie in wichtige kristlike skriuwer en haad fan de Kategeteskoalle fan Aleksanderje. Hy wie in foaroansteand learaar en wurdt beskôge as ien fan de Tsjerkfâden.

Klemens fan Aleksanderje
André Thevet (1516-1592)

Oer it libben fan Klemens is net folle bekend. Neffens Epiphanius Scholasticus, in Grykske skriuwer út de 6e iuw, waard hy yn Atene berne. Syn âlden wienen nei alle gedachten heidenen út in ryk sosjaal milieu. De protte oanhellings yn syn skriften fan de Grykske literatuer wize derop dat er in hege oplieding genoaten hie. Yn Aleksanderje wie Klemens de learling fan Pantaenus. Hy stiet ek bekend ûnder de skûlnamme "de misjonaris fan de yntellektuele elite".

Wurk en ynfloed

bewurkje seksje

Klemens stiet bekend as in fûl tsjinstanner fan it Gyliasme. De Joadsk-Grykske lear fan de Logos wie it mulpunt fan syn godstsjinstige-filosofyske beskôgings.

Hy besocht it Grykske tinken yn de kristlike leauwenslear in wiisgearich fûnemint te jaan en ûntwikkele dy fierder. Ek wie hy fan betinking dat de Bibelske skriften ek in allegoaryske (sinnebyldige, geastlike) tapassing hienen. De Bibel sels beskôge hy letterlik as de stim fan God. Klemens spruts yn dy sin fan "Hillige Letters en Wurdlidden," om te omskriuwen hoe't de stim fan Kristus brûk makket fan it skriftlike oerlevere Wurd fan de apostels en profeten.

Lang om let is hy ek de earste skriuwer yn de kristlike tradysje dy't útdruklik Boedha fermeldet yn syn teksten. Nei alle gedachten waard dat him ynjûn troch syn learmaster Pantaenus dy't nei Yndia west hie.

 
Opera omnia, 1715
  • Protrepticus
  • Paedagogus
  • Stromata of Stromateis

Keppeling om utens

bewurkje seksje