Tsjerke fan Rûgehuzen

(Trochferwiisd fan Klokkestoel fan Rûgehuzen)

De tsjerke fan Rûgehuzen is in net mear besteande tsjerke yn Rûgehuzen, dy't mids 18e iuw ôfbrutsen waard.

Tekening fan de tsjerke fan Rûgehuzen troch Jacobus Stellingwerff út 1721
Klokkenstoel op it begraafplak fan Rûgehuzen
Atlas Maior fan Joan Blaeu mei de tsjerke fan Rûgehuzen (1662)

De tsjerke fan Rûgehuzen waard al yn 1421 neamd. It gebou waard yn 1721 tekene troch de kopiist Jacobus Stellingwerff (1667–1727).[1] Op de tekening út 1721 hat Stellingwerff in frij fan de tsjerke steande klokkestoel mei skylddak ôfbylde.

De âlde klokkestoel waard yn 1920 ôfbrutsen en yn 1956 ferfongen troch in nijen-ien. Yn de nij boude klokkestoel waard de âlde klok hongen. Dy klok wie yn 1746 jitten troch Ciprianus Krans út Amsterdam. Dizze klok hie de Twadde Wrâldoarloch oerlibbe, mar waard yn 1975 stellen. Yn 1979 waard de klokkestoel fernijd en waard in nije klok kocht, dy't yn 2003 ferfongen waard troch in swierderen-ien. De klokketoer is erkend as ryksmonumint. De klokkestoel mei in helmdak stiet op it tsjerkhou fan Rûgehuzen, dat op in terpachtich terrein oan de Tsjerkhofleane leit, oan de westside fan de buorskip.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Tekeningen fan Stellingwerff binne net altiten betrouber. Stellingwerff wie in kopiist, dy't syn tekeningen makke nei sketsen dy't troch oaren makke wiene. Dy oanlevere sketsen joegen soms wol en soms net korrect de werklikheid wer (sjoch Kolkman, Bert: Jacobus Stellingwerf). De Fryske tekeningen wurde as betrouber oanmerke (sjoch Kolkman, Bert: De anonime Fryske tekender)