Klunen of klúnjen betsjut 'rinne op redens'. It is in fan oarsprong Frysktalich wurd, dat foar 1950 as lienwurd (klunen) it Nederlânsk binnenkrongen is.

Klune ûnder Edam (1986)

By tochten op redens is it net altyd mooglik de hiele tocht op redens ôf te lizzen. Sa is it iis ûnder brêgen faak te tin (of it is der hielendal net) of hat de skipfeart wetters iepen holden.

Dat betsjut dat in rider, as er fierder wol, op sokke stikken syn redens ôfdwaan moatte sil, en oer de wâl om de hindernis hinne rinne moat. Om der foar te soargjen dat dit net hoecht, wurde der op sokke plakken planken en matten dellein, dêr't de rider - mei de redens ûnder- rinne kin sûnder dat de redens skansearre wurde. Dit rinnen op redens wurdt yn it Frysk klunen neamd.

Kanofarders hawwe de term oernommen. By it befarren fan beken sitte der faak keardammen yn 'e wei of keart in omfallen beam de trochgong. De kano wurdt der dan oerhinne tild. Yn stee fan "oerhinne tille" sprekt men ek faak fan "klune".

Yn Fryslân wurde ek spesjale klúnwedstriden holden. Dielnimmers moatte dan op redens oer matten sa hurd mooglik in parkoers ôflizze.

  • Oer de etymology: F.J. v.d. Kuip, in: DYk & de HAAN, Wurdfoarried en wurdgrammatika 115-120, Ljouwert [1988].
  • Pieter Breuker. 'Klúnje/ klune: van het veen naar het ijs?' Yn: deselde. Van bekkensnijders tot onderzoeksprogramma's. Geschiedkundige bijdragen over vermaken en sporten in Nederland (2021): 167-175.