Knaänysk
It Knaänysk (Dútsk: Judenslawisch, Knaänysk: Leshoneynu - 'ús taal', Tsjechysk: lešon Kena’an) is in Westslavyske taal dy't benammen troch Joaden sprutsen waard. De taal is yn it Hebriuwske skrift yn glossen oerlevere en stoar oan 'e ein fan 'e midsiuwen út. It Knaänysk waard benammen yn de Tsjechyske lannen sprutsen, mar ek yn dielen fan Poalen en de Lausitz.