Westslavyske talen
De Westslavyske talen foarmje ien fan de trije haadkategoryen fan ’e Slavyske talen, njonken de Eastslavyske en de Súdslavyske talen. De Westslavyske talen wurde troch sa 'n 60 miljoen minsken yn Midden-Europa praat.
De Westslavyske talen begûnen har al yn de tiid fan de folksferhuzingen ôf te skieden fan it Oerslavysk, mar pas fan de 7e iuw ôf kin men prate fan in aparte groep. Tusken de 7e en de 10e iuw ûntstiet binnen de groep twa talekloften: de Lechityske en in Sorbyske groep. Yn 'e 9e iuw komt dêr noch de Tsjecho-Slowaakske groep by. Dêrfoar sieten de foarâlden fan 'e tsjintwurdige Tsjechen en Slowaken in dialektkontinuüm mei de Súdlike Slaven, mar hja rekken fan dizze befolkingsgroep ôfsnien troch de migraasje fan 'e Magyaren.
Ut de Tsjecho-Slowaakske groep binne letter it Tsjechysk en it Slowaaksk ûntstien, út de Sorbyske groep it Heechsorbysk en it Leechsorbysk en út de Lechityske groep it Poalsk, it Kasjûbysk en it Polabysk. Dêrneist kinne ek in pear lytsere, útstoarne talen ta de Westslavyske talen rekkene wurde, ûnder oare it Pommeraansk, it Slovinsysk en it Knaänysk.
Klassifikaasje
bewurkje seksjeDe Westslavyske talen kinne yn trije taalgroepen ûnderferdield wurde:
- Lechityske talen
- Sorbysk
- Tsjecho-Slowaaksk