Knottedoek
(Trochferwiisd fan Knotte)
In knotte(doek) of in knottedoaske wie in leafdesknoop foar minsken dy't trouwe woenen.
Oant de 18e iuw hâlde de Fryske frijer oan de frijster in nije, los knope doek foar fan netteldoek, side of brokaat mei trije dukatons sulveren riders fan fl. 3,15 der yn. It koenen ek 100 skipkesskellingen wêze. Luts hja de knoop fêst dan wie de ferloving besegele.
Foar de knotte kaam letter in 'ponge', in sulveren houlikshert of in breidskofferke yn 't plak. Dêryn koenen wol 20 dukaten 'op de kant' setten wurde. Ek de houlikspinning waard der yn bewarre. Op de knottedoeken en knottedoaskes stienen spreuken mei inisjalen. De ring ferfong ek de knotte. Yn it Frysk Museum en it Princessehof binne noch knottedoeken te sjen.
Literatuer
bewurkje seksje- Cornelis Boschma, 'Friese en Noordhollandse knottekistjes', yn: Antiek 3 (1969), s. 560-566.
- Joast Hiddes Halbertsma, Letterkundige naoogst, deel 1, Dimter 1840, s. 178-200.
- Haro Hielkema, 'Knottekistje voor een geliefde', yn: Trouw, 4 desimber 2004.
- Herman Martin, 'Knottedoeken, knottepongen en knottekistjes', yn: Oude Kunst 7 (1929-1930), s. 329-340.
- Asing Walthaus, 'Geen ring, maar een knottenkistje', yn: Leeuwarder Courant, 4 septimber 2015.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - knottedoek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|