Ko-Katedraal fan Marije-Himelfeart en Sint-Stanislaus (Mogilev)
De Ko-Katedraal fan Marije-Himelfeart en Sint-Stanislaus (Wyt-Russysk: Унебаўзяцця Найсвяцейшай Панны Марыі і св. Станіслава), ek wol de katedraal fan Mogilev, is in roomske tsjerke yn Mogilev, Wyt-Ruslân. De tsjerke is in ko-katedraal fan it aartsbisdom Minsk-Mogilev.
Marije-Himelfeart en Sint-Stanislaus-katedraal | ||
Lokaasje | ||
lân | Wyt-Ruslân | |
oblast | Hrodna | |
plak | Hrodna | |
adres | Kamsamoĺskaja Strj. 4, Mogilev | |
koördinaten | 53° 53'N, 30° 20'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
aartsbisdom | Aartsbisdom Minsk-Mogilev | |
patroanhillige | Sint-Stanislaus[1] | |
status | basilyk | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | ko-katedraal | |
boujier | 1738-1752 | |
boustyl | Barok, klassisisme | |
monumintale status | Kultureel erfgoed fan Wyt-Ruslân | |
monumintnûmer | 513Г000020 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe katedraal stiet op it plak fan in earder karmeliten-kleaster. Yn 1636 waard in houten kleastertsjerke boud en wijd oan de himelfeart fan Marije. In grutte brân yn 1708 lei de tsjerke yn 'e jiske en tusken 1738 en 1752 waard in nije stiennen tsjerke boud. De nijbou waard yn 1765 troch de biskop fan Vilnius ynwijd.
Op 25 desimber 1772 kundige Katarina de Grutte de oprjochting oan fan it katolike bisdom Wyt-Ruslân oan yn it Russyske Ryk. Tsien jier letter waard it bisdom in aartsbisdom mei de jurisdiksje oer alle roomske parochy's yn Ruslân, ynklusyf dy fan Moskou en Sint-Petersburch. Sûnt 1783 waard de kleastertsjerke de katedraal fan it aartsbisdom Mogilev.
Tsjin it ein fan de 18e iuw waard de katedraal ferboud wêrby't de porticus mei fjouwer pylders oan de katedraal tafoege waard.
Fanôf 1956 waard de katedraal op lêst fan de Sovjet-autoriteiten foar de earetsjinst sletten en brûkt as it Sintraal Histoarysk Argyf fan Wyt-Ruslân. Yn 1960 ferhûze it argyf nei Minsk en waard de katedraal fierder brûkt as it Steatsargyf fan de regio Mogilev. Yn dat tiidrek gyngen it tsjerke-oargel mei seldsume keramyske pipen en in diel fan de muorrefresko's ferlern.
Oan it begjin fan de jierren 1990 waard de katedraal werom jûn oan it bisdom, de restauraasje duorre oant 1994. Tsjintwurdich is de tsjerke de ko-katedraal fan it katolike aartsbisdom Minsk-Mogilev.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Собор Успения Девы Марии (Могилёв)
|