Kobern-Gondorf
Kobern-Gondorf is in plak oan de Mûzel yn it Landkreis Mayen-Koblenz yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts
Kobern-Gondorf | |
---|---|
Niederburg | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Rynlân-Palts |
Landkreis | Landkreis Mayen-Koblenz |
Sifers | |
Ynwennertal | 3.120 (31-12-2020) |
Oerflak | 28,36 km² |
Befolkingstichtens | 110 / km² |
Hichte | 82 m. boppe seenivo |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | www.koberngondorf.de |
De gemeente bestiet út de Ortsteile Kobern, Gondorf en Dreckenach en ferspraat oer benammen it hegere diel fan de gemeente noch ris 25 buorskippen. De beide Ortsteile Kobern en Gondorf lizze oan de Mûzel.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeKobern
bewurkje seksje- Boppe Kobern stiet op in hichte de Mattiaskapel út 1230-1240. Hjir waard oant 1422 de holle fan de apostel Mattias bewarre, dy't nei alle gedachten troch Hindrik II fan Isenburg-Kobern fan in krústocht meinommen waard. De romaanske kapel wurdt troch 30 swarte pylders droegen.
- Tusken de Mattiaskapel en Kobern leit op itselde útrinsel fan de berch de út de 12e iuw datearjende Niederburg.
- De frijsteande toer oan de helling fan de berch wie de klokketoer fan de earste parochytsjerke fan Kobern, dy't krekt as de Niederburg út de 12e iuw stamt.
- De tsjintwurdige parochytsjerke is de Sint-Lubentius, dy't yn de jierren 1827-1828 nei it ûntwerp fan de arsjitekt Johann Claudius von Lassaulx boud waard. Yn de tsjerke binne twa skilderijen mei as foarstelling de kroaning fan Marije en de hillige Lubentius, dy't ûnder de heidenen preket, te sjen. De wurken waarden yn 1835 troch de Nazarener keunstskilder Joseph Anton Nikolaus Settegast skildere.
- Op it tsjerkhôf stiet de goatyske Trijekeningenkapel út 1420-1440. Yn de kapel bleaunen de muorrebeskilderingen bewarre.
- Yn it sintrum by it Marktplatz stiet in de Kirchstraße in goatysk fakwurkhûs. It is in âld kleasterhôf en dendrologysk ûndersyk hat útwiisd dat it hûs om 1320 hinne boud waard. It is ien fan de âldste fakwurkhûzen fan Rynlân-Palts. Oan de oare kant fan it plein yn de Peterstraße leit de goatyske Rittersaal.
Gondorf
bewurkje seksje- Krekt in bytsje bûten it sintrum stiet de neogotyske Jehannes de Aposteltsjerke. De tsjerke ferfong in út 1731 datearjende tsjerke, dy't fanwegen de oanlis fan it spoar ôfbrutsen wurde moast.
- Oan de Mûzel stiet de Oberburg, dy't ek it Schloss Gondorf neamd wurdt. It kastielkompleks waard yn de 19e iuw troch de oanlis fan it spoar yn twaen dield en de op it súdwesten fan it kastiel steande tsjerke ôfbrutsen. In goed iuw letter, yn 1971, waard it kastiel noch slimmer skeind troch de oanlis fan in nije strjitwei dwers troch in bouwurk hinne.
- It Schloss Liebieg stiet krekt as de boarch yn Kobern ek bekend ûnder de namme Niederburg en leit oan de noardeastlike kant fan it plak. Frânske troepen ferwoastgen de boarch yn 1794. Yn de 19e iuw waard de ruïne ferboud ta in slot. De namme "Liebieg" stamt fan in eardere eigner fan de boarch, Theodor von Liebieg.
Dreckenach
bewurkje seksjeOp in rotsachtige hichte stiet de yn 1840 boude Hubertustsjerke.
Goloring
bewurkje seksje- De Goloring leit in stik bûten it plak Kobern-Gondorf en tichterby it plakje Wolken oan de L52. It is in prehistoarysk monumint út ca. 1000 f.Kr. en wurdt fakentiden ferlikene mei Stonehenge yn Ingelân. De ringfoarmige grêft waard troch de Kelten oanlein en tsjinne nei alle gedachten as hilligdom, alhoewol't dêr gjin folsleine wissichheid oer bestiet. De trochsneed fan de binnenring is likernôch 175 meter; mei wâl en grêft is de trochsneed ûngefear 190 meter. De Goloring as gehiel is net frij te besichtigjen om 't it op in earder militêr terrein leit, mar op de iepen monumintedei (Tag des offenen Denkmals) yn septimber is de Goloring tangonklik.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kobern-Gondorf fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kobern-Gondorf |