Koegelwieck (skip út 1992)
De Koegelwieck is in snelboat fan rederij Doeksen dy't oant 2002 in regelmjittige feartsjinst tusken Harns, Flylân en Skylge ûnderhâld. Sûnt 2002 docht de Tiger de haadtsjinstregeling. It is it twadde skip fan rederij Doeksen dat fart ûnder dizze namme. De earste Koegelwieck waard yn 1993 ferkocht nei Tanzania.
Koegelwieck | ||
algemiene ynformaasje | ||
flagge | Nederlân | |
thúshaven | Skylge | |
eigner | Rederij Doeksen | |
skiednis | ||
werf | Harding Verft A/S, Noarwegen | |
kyllizzing | 15 septimber 1991 | |
tewetterlitting | 10 april 1992 | |
oplevere | 23 july 1992 | |
yn de feart | 7 july 1992 | |
status | Yn tsjinst | |
bysûnderheden en sifers | ||
type | Fearboat | |
subtype | Katamaran | |
lingte | 37 m. | |
breedte | 9,6 m. | |
djipgong | 1,6 m. | |
passazjiers | 312 | |
oandriuwing | waterjet, 2x 16cyl. Deutz disel; 2 x 2250 pk | |
maks. faasje | 33 knopen (61 km/o) |
De Koegelwieck is in katamaran mei symmetryske rompen. Hy is boud troch Harding Verft A/S te Rosendal yn Noarwegen. Hy waard dêr yn 1992 te wetter litten en arrivearre datselde jier op Skylge. It skip kin 312 passazjiers ferfiere en hellet in topsnelheid fan 33 knopen. De oandriuwing bart troch twa wetterjets, oandreaun troch twa 16-silinder Deutz diselmotoren. It skip hat by de boech in koarte middendriuwer, dy't allinnich by hege see yn de weagen stekt. Dizze konstruksje foarkomt dat it skip dan te djip yn de weagen dûkt.
De Koegelwieck hat twa salons. In foarste part fan de boppeste salon hat in panoramysk útsjoch oer de see. Oan board fan de Koegelwieck meie passazjiers harren net ferpleatse. It ynterieur fan de Koegelwieck is te fergelykjen mei dat fan in fleantúch, rigen stuollen fan foar nei efteren mei in gongpaad der tusken yn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|