Triomfbôge (tsjerke)
(Trochferwiisd fan Koerbôge)
De triomfbôge of koerbôge is yn âldere tsjerkegebouwen de bôge fan de iepening yn de muorre, dy't dwers op de grins fan it tsjerkeskip of de krusing en it koer stiet. Yn midsiuwske tsjerken waard dy muorre faak beskildere mei fresko's. By katolike, lutherske en anglikaanske tsjerken hinget of stiet yn de bôge op in triomfbalke fakentiden it saneamde triomfkrús.
As in tsjerke gjin koer hat, dan hjit de bôge fan de healkoepelige apsis de apsisbôge.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|