Sint-Dominikustsjerke (Ljouwert)
De Sint-Dominikustsjerke is in katolike tsjerke yn Ljouwert. De oan de hillige Dominikus Guzman wijde tsjerke is ien fan de twa katolike tsjerken yn de stêd en falt sûnt 1 jannewaris 2018 ûnder de Sint-Fitusparochy fan it bisdom Grins-Ljouwert.
Sint-Dominikustsjerke | ||
De tsjerke fan ôf de Noardersingel | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Ljouwert | |
adres | Harnzerstrjitte | |
koördinaten | 53° 12' N 5° 47' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
patroanhillige | Sint-Dominikus | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | H.C.M. van Beers, A.H. Witteveen | |
boujier | 1936-1937 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 519834 [1] | |
Webside | ||
Side Sint-Fitusparochy | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke oan de Harnzerstrjitte waard yn de jierren 1930 fan kleastermoppen boud en ferfong de jimmeroan brekfalliger wurdende wettersteatstsjerke út 1850 oan de Spylmanstrjitte. Op it plak fan de âlde Dominikustsjerke hie eartiids it dominikanessenkleaster stien en letter, fan ôf likernôch 1625, yn de gebouwen fan it eardere kleaster in skûltsjerke.
De trijeskippige tsjerke út 1937 waard boud nei it ûntwerp fan H.C.M. van Beers en A.H. Witteveen. De Dominikustsjerke hat oan de eastkant in 35 meter hege fieringtoer en oan de westside in 65 meter hege toer, dy't beide mei koper belein binne. De tsjerke is in ryksmonumint.
Op 13 septimber 1937 fûn de plechtige konsekraasje fan de tsjerke troch aartsbiskop De Jong fan Utert plak.
Ynrjochting
bewurkje seksjeFanwegen jildkrapte moast in grut part fan de ynrjochting fan de âlde tsjerke op 'e nij brûkt wurde. Sa krige de neobarokke preekstoel mei foarstellings fan Dominikaanske hilligen wer in plak yn de tsjerke. Ek krigen in tal bylden fan Dominikaanske hilligen út de âlde tsjerke wer in plak yn de nijbou. Piet Verdonk makke yn 1937 in nij Marije-alter fan de Kongregaasje fan de Hillige Famylje. De krúsweistaasjes waarden krekt foar it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich levere. Yn maaie 1943 waard de tsjerke fierder fersierd mei twa nije terrakotta bylden oan wjerssiden fan it haadalter fan Peter Roovers foarstellende it Hillich Hert en Marije. Fan de bekende keunstner Wim Harzing is it byld fan de patroanhillige fan de tsjerke oan de rjochterkant fan de triomfbôge. Us Leaffrou fan Ljouwert krige yn 1948 in plakje yn it nije alter Marije-alter fan de bruorren Van Roosmalen. De brânskildere ramen yn de Marijekapel waarden yn 1950 ynbrocht.
Fan it doopfont út 1952 binne it bekken en it deksel ôfkomstich fan it âlde doopfont. It keramyske Marijebyld yn de doopkapel is ek fan Wim Harzing.
Yn it ramt fan it 25 jierrich bestean fan de tsjerke yn 1962 joegen de leden fan it parochyfûns de tsjerke in elektrysk oerwurk foar de toer. Pas yn it jier 2000 waard der wer wat nijs tafoege oan de ynrjochting: in devoasjehoeke foar Titus Brandsma yn it noardwestlike diel fan de tsjerke mei dêr yn in ikoan fan de karmelyt.
De beide terrakotta bylden fan de Mem Gods en Sint-Joazef yn it foarportaal binne yn 1931 makke troch Adam Winter út Mainz. It Mem-Godsbyld is in kopy fan it goatyske Muttergottes-byld fan de Sint-Petrustsjerke yn Heppenheim yn it Dútske Hessen.
Genedebyld
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Us Leaffrou fan Ljouwert.
Yn de Marijekapel fan de Dominikustsjerke wurdt it genedebyld Us Leaffrou fan Ljouwert fereare. Yn de midsiuwen waard it mirakuleuze byld yn prosesjes troch de stêd droegen, in spektakel dat in soad folk fan hein en fier loek. It 77 sentimeter hege iken byld stamt út likernôch 1506 en hat ea in plak hân yn de Fituskatedraal. Mei de reformaasje waard it byld ferstoppe. Nei alle gedachten waard it troch de eardere dominikanessen bewarre en dêr bleau it yn de skûltsjerke. Yn de Dominikustsjerke oan de Spylmanstrjitte krige it in plak yn de sakristy en doe't de nijbou oan de Harnzerstrjitte foltôge wie krige it byld in plak yn it yn 1948 boude Marije-alter.
Oargels
bewurkje seksjeYn de Dominikustsjerke steane twa oargels.
It oargel op de galerij út 1866 is makke troch Adema foar de âlde tsjerke en yn 1937 troch Valckx & van Kouteren yn de hjoeddeiske tsjerke opboud. Om't de styl fan it âlde oargelfront út 1866 net paste yn it ynterieur fan de nije tsjerke waard dy fia it Frysk Museum ferkocht oan de herfoarme tsjerke fan Ferwert, dy't in nij ynstrumint achter it monumintale front bouwe liet. Reparaasjes oan it ynstrumint binne útfierd troch Bakker & Timmenga.
It twadde oargel is in koaroargel, dat yn 1920 troch P. van Dam boud waard foar de herfoarme tsjerke yn De Tynje. Yn 1996 kaam it oargel frij troch de gearwurking fan de herfoarmen mei de grifformearden en waard it oernommen troch de Dominikustsjerke.
Klokken
bewurkje seksjeNei de Twadde Wrâldkriich waarden de klokken, dy't yn 1943 troch de Dútsers roofd wiene, ferfongen. De nije klokken waarden besteld by Petit en Fritsen en wijd oan Salvator, Dominikus en Marije.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Mem Gods (kopybyld fan de Heppenheimer Muttergottes)
-
Preekstoel
-
Oargelgalerij
-
Achtste staasje fan de krúswei
-
Sint-Rosa fan Lima
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|