In koer- of koaroargel is in piipoargel, dat yn 'e regel yn it koer fan in faak wat gruttere tsjerke of by in sjongkoar stiet. Ek lytsere tsjerken sûnder grut oargel of kapellen fan bygelyks sikehûzen en ferpleechhûzen of aula's ha faak in koaroargel.

Koeroargel fan 'e Martinytsjerke, Snits.

Oars as in haadoargel op in kreake of doksaal of in swellenêstoargel oan 'e muorre stiet in koeroargel yn 'e regel op 'e grûn.

In koeroargel is lytser en fral geskikt foar tsjinsten mei in yntym karakter. Faak wurdt in koeroargel by gewoane tsjinsten ôfwikseljend yn kombinaasje mei it haadoargel brûkt. Op it koeroargel wurdt dan bygelyks spile foar it begelieden fan in koar of foarsjonger, wylst it haadoargel by de gemeentesang brûkt wurdt.

In koeroargel kin fêst stean, mar it kin somtiden ek in mobyl oargel wêze dat fan plak ferpoarje kin (lykas in kistoargel).

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Koeroargels fan Wikimedia Commons.