Swellenêstoargel

In swellenêstoargel is in piipoargel, dat as in swellenêst oan 'e muorre hinget. Sokke swellenêstoargels wiene om 1500 hinne tige yn opgong. Typysk oan it type oargel is dat se lykje te hingjen.

In swellenêstoargel fan Peter Gerrits (1471) mei pedaaltuorren yn 'e Bavotsjerke fan Haarlim op in skilderij fan Pieter Saenredam (1636).

Om it swiere gewicht fan it ynstrumint te dragen hat in swellenêstoargel stipe nedich. De saneamde soffyt makket dat mooglik. De namme is fan it Latynske wurd suffigere ôflaat, itjinge 'ûnderoan hechtsje' betsjut. Yn 'e rin fan 'e tiid waard sa'n soffyt as in keunstwurk mei rike dekoraasjes útfierd.

Skiednis fan it swellenêstoargel

bewurkje seksje

Swellenêstoargels kamen fral yn midsiuwske en renêssânse-tsjerken foar, dêr't se symboalysk wiene foar de 'godlike muzyk' fan it ynstrumint, dy't oer it tsjerkefolk hinne galme. By it spyljen op it oargel waard dat effekt noch fersterke troch de likenis fan 'e iepen oargeldoarren mei fleugels. Ek de namme fan it ynstrumint wie symboalysk: yn 'e midsiuwen stie fûgelsang nammentlik lyk oan ingelesang.

It earste grutte oargel fan 'e Notre Dame fan Parys wie in swellenêstoargel, dat yn 'e iere jierren 1300 boud en ophong waard yn it skip. It nije, gruttere oargel dat yn 1401 it âlde oargel ferfong, waard op in dêrfoar boude stiennen galerij boppe de westlike tagong fan 'e katedraal boud.

Bach brûkte it swellenêstoargel oan 'e eastlike muorre fan 'e Tomastsjerke yn Leipzig foar de earste útfieringen fan 'e Matthäus-Passion (BWV 244) en it Magnificat in Es grut (BWV 243a), mar yn 1740 wie it yn sa'n minne steat, dat it net mear restaurearre wurde koe en ôfbrutsen waard.

It hieltiten komplekser en grutter wurdende piipoargel late der ta dat der jimmeroan minder swellenêstoargels kamen. Tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw wiene de galerijoargels yntusken de meast foarkommende oargels. Under ynfloed fan 'e oargelherfoarmingsbeweging waarden lykwols yn 'e 20e iuw ferskillende nije swellenêstoargels boud, wylst âldere swellenêst oargels wer restaurearre en/of rekonstruearre waarden.

Besteande swellenêstoargels (net folslein)

bewurkje seksje

Bekende swellenêstoargels binne:

lân plak tsjerke ôfbyld oargelbouwer jier manualen registers opmerking
  Alkmar Grutte Tsjerke   Jan van Covelens 1511/1625 II/P 20 Rekonstruksje ynstrumint troch Flentrop Oargelbou yn 1994-2000.
  Bamberg Dom fan Bamberg   Rieger Orgelbau
Orgelbau Goll
1974 IV/P 77 Mei spaanske trompetten.
  Bayreuth Stedstsjerke   Johannes Klais Orgelbau 1971 III/P 22
  Bedheim Sint-Kiliaantsjerke   Nicolaus Seeber 1721 I 7 Oer in mechanyske konstruksje fan 20 m lange houtabstrakten mei it haadoargel ferbûn en fan it manuaal beneden út te bespyljen.
  Berlyn Sint-Hedwigkatedraal   Johannes Klais Orgelbau 1975–1977 III/P 67
    Bern Munster fan Bern Oscar Metzler & Söhne 1982 II/P 15
  Bremen Dom fan Bremen   Bruorren Van Vulpen 1965–1966 III/P 36 Saneamd Bachoargel.
    Biel Stedstsjerke Metzler Orgelbau 1994 II/oanhongen P 9 Nijbou, ferfangt in oargel út 1517 fan Hans Tugi, dat yn 1527 by de reformaasje ferneatige waard.
  Brussel Katedraal fan Brussel   Gerhard Grenzing 2004 IV/P 63
  Chartres Katedraal fan Chartres   Victor Gonzalez 1971 IV/P 67
  Coimbra Mosteiro de Santa Clara   Manoel Benito Gomez de Herrera 1719–1724 II/P Yn 2004–2008 nei de oarspronklike sitewaasje restaurearre.
  Dortmund Marijetsjerke   Gustav Steinmann Orgelbau 1967 III/P 34 Yn 'e styl fan 'e neobarok.
  Frankfurt am Main Alde Nikolaastsjerke   Bruorren Oberlinger 1992 II/P 23 Tige ûndjippe oargelkas.
  Frankfurt am Main Keizerdom Sint-Bartoloméus   Johannes Klais Orgelbau 1994 II/P 28 Fan it haadoargel út elektrysk oan te spyljen.
  Freiburg im Breisgau Munster fan Freiburg   Rieger Orgelbau 1965 IV/P 61 Fan 'e spyltafel yn it koer út elektrysk oan te spyljen
  Freiburg im Breisgau Munster fan Freiburg   Marcussen & Søn 1965 II/P 21 Ek fan de spyltafel yn it koer út elektrysk oan te spyljen.
  Gelnhausen Marijetsjerke   Ratzmann, Schmidt 1879/1966 III/P 38 Oargelkas fan Ratzmann orizjineel, ynstrumint nijbou fan B. Schmidt (1966), wêrby't in nij balkon foar it oargel waard tafoege.
  Gonnesweiler Hillige Geast   Christian Gerhardt 1960 II/P 13 Ynstrumint fan twa dielen; haadwurk en 2 fan 'e 3 pedaalregisters foarmje it swellenêst, de rest stiet op de kreake.
  Grins Der Aa-tsjerke   Hermann Raphael Rodensteen 1539-1634 II/P Bekend as it Boalsertoargel wêrfan't allinne de oargelkas bewarre bleaun is. It oargel waard yn 1634 foar de Broeretsjerke yn Boalsert boud troch Anthonie Verbeeck. Dêrby waard piipwurk brûkt fan in oargel út 1539, dat nei alle gedachten troch Hermann Raphael Rodensteen makke wie. Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw ferhûze it oargel nei de Martinytsjerke, dêr't it sûnder binnenwurk yn it koer telâne kaam. Yn 1967 belâne it yn 'e Grinzer Martinytsjerke, dêr't de restanten opslein waarden. Yn 'e jierren 1990 waard de oargelkas yn 'e Der Aa-tsjerke ophongen op in plak dêr't earder in swellenêstoargel hong. Der binne plannen om der wer in folslein oargel fan te meitsjen.[1]
  Herford Munster fan Herford   Paul Ott 1953 II/P 21 histoaryske oargelkas fan in oargel fan Johann Andreas Zuberbier (1756).
  Bad Hersfeld Stedstsjerke   Bruno Döring 1974 III/P 57 Mei echowuk sûnder eigen manuaal.
  Hildesheim Dom fan Hildesheim   Orgelbau Romanus Seifert & Sohn 2014 IV/P 77
  Inkhuzen Westertsjerke   Hendrik Niehoff 1561 II/P Oargelkas út 1549, oarspronklik boud troch Hendrik Niehoff, nijbou troch Verschueren mei gebrûk fan pipen fan Duyschot út 1683.[2]
  Innsbruck Hôftsjerke   Jörg Ebert 1561 II/p 15 Hast folslein bewarre bleaun.
  Keulen Dom fan Keulen   Johannes Klais Orgelbau 1998 IV/P 53 Kin ek fan it haadoargel út elektrysk oanspile wurde; hinget net oan 'e muorre, mar mei 4 staalkabels oan it izeren dak fan 'e domtsjerke.
  Lemgo Marijetsjerke   Bruorren Slegel, Fritz Scherer, Rowan West 1587, 1612–1613, 2009–2010 III/P 27 Oargelkas fan Slegel; in pear resten fan Scherer bewarre; rekonstruksje troch West (II/P/20).
  Melle-Gesmold Sint-Petrustsjerke   Rudolf Haupt
Franz Breil
1880, 1982 II/P 24, 19 Fernijing troch Breil yn 'e histoaryske oargelkas.
  Metz Katedraal fan Metz   1982 Marc Garnier II/P 11 Rekonstruksje fan in oargel fan Jehan de Trèves út 1536; oargelkas fan Jehan de Verdun.
  Middelburch Koertsjerke   1479 Peter Gerrits II/P 16 De âldste oargelkas fan Nederlân fan in oargel dat oarspronklik foar de Nikolaitsjerke yn Utert boud waard. Der binne fiergeande plannen om it oargel te ferhûzjen nei de Nikolaitsjerke fan Utert en dêr it binnenwurk wer yn te bouwen. It binnenwurk leit yn 'e opslach en ferhûze yn juny 2022 nei it CollectieCentrum Nederland (CC NL) yn Amersfoart.[3][4]
  Monnickendam Grutte Tsjerke   Johann Michael Gerstenhauer[5] 1780 II/P 37 Restauraasje troch de firma Reil 2008-2011.[6]
  Mülheim-Saarn Kleastertsjerke   Friedrich Fleiter 1991 III/P 25 Mei koppelmanuaal; haadwurk en pedaal ek fan it galerijoargel elektrysk oan te spyljen.
  Næstved Sint-Petrustsjerke Hans Brebus 1586 II/P 18 Yn 2016 nijbou troch Gerhard Grenzing yn histoaryske oargelkas.
  Neurenberg Sint-Laurentius   Johannes Klais Orgelbau 2005 III/P 32
  Nieuwegein-Jutphaas Sint-Nikolaastsjerke   Jan van Covelens 1525 2/P 12 Oargelkas oarspronkelik en ôfkomstich út de Nieuwezijdskapel, Amsterdam, hjoeddeisk ynstrumint fan Maarschalkerweerd & Soan út 1879
  Regensburg Minoritetsjerke   Bernhardt Edskes 1988–1989 II/P 11 Rekonstruksje fan it swellenêstoargel (15e/16e iuw) neffens in disposysjeûntwerp fan Caspar Sturm (1583).
  Regensburg Sint-Piterdom   Rieger Orgelbau 2009 IV/P 80 Grutste swellenêstoargel fan 'e wrâld.
  Salzburg Salzburger Dom   Johann Pirchner 1991 elk II/P elk 14 Twa oargels yn 'e krusing fan 'e domtsjerke.
    Sion Valèrebasilyk   ûnbekend 15e iuw, mooglik 14e iuw I/P 8 Aldste noch besteande swellenêstoargel fan 'e wrâld. Restauraasje troch Th. Kuhn.
  Straasburch Munster fan Straasburch   Johann Andreas Silbermann
Edmond Alexandre Roethinger
Alfred Kern & fils
1491, 1981 III/P 47 Oargelkas fan Friedrich Krebs (1491), pendintyf fan 'e oargelkas fan 1385
  Trier Dom fan Trier   Johannes Klais Orgelbau 1974 IV/P 67 Koeroargel út 1996 fan Klais ek as swellenêstoargel boud (II/P/25)
  Ulm Munster fan Ulm   Rieger Orgelbau 1960 II/P 20 mei it register Alphorn (alpehoarn)
  Worms Dom fan Worms   Johannes Klais Orgelbau 1985 III/P 34

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen skiednis sjoch en:Swallow's nest organ,