Koertsjerke (Middelburch)
De Koertsjerke (Koorkerk) is in tsjerkegebou yn 'e Siuwske stêd Middelburch. It heart ta it eardere abdijkompleks fan 'e stêd en de tsjerke wurdt sa neamd om't de tsjerke bestiet út it eardere koer fan de kleastertsjerke. Oant de reformaasje wie dat diel foar de muontsen ornearre. It westlike diel oan 'e oare kant fan 'e Lange Jan, de 90,5 meter hege tsjerketoer, wurdt de Nije Tsjerke (Nieuwe Kerk) neamd. De Koertsjerke wurdt troch in frijsinnige leauwensmienskip brûkt.
Koertsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Seelân | |
plak | Middelburch | |
adres | Koorkerkhof 2 | |
koördinaten | 51° 29'N 3° 36'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Remonstranten | |
Arsjitektuer | ||
boujier | likernôch 1300 | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 28671 | |
Webside | ||
Side tsjerklike gemeente Koertsjerke | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe kleastertsjerke ûnstie om 1300 hinne en ferfong doe in romaansk gebou op itselde plak. Yn 'e hjoeddeiske tsjerke binne noch resten fan 'e romaanske tsjerke ferwurke. De goatyske koertsjerke bestiet út ien beuk, is seis traveeën lang en wurdt oan 'e eastlike kant ôfsletten troch in fiifsidige alterromte.
Nei in brân yn 1568 waard it doedestiidske houten tonferwulft ferfongen troch in stiennen netferwulft. De tsjerke waard by it bombardemint fan 17 maaie 1940 foar in part ferneatige, mar sûnt 1942 rekonstruearre. It netferwulft falt op troch de bewurke slútstiennen. De mei koalblêd en wynranken fersierde kapitelen binne skaaimerken fan de brabânske gotyk.
Ynterieur
bewurkje seksjeIt ynterieur fan 'e tsjerke waard nei de Twadde Wrâldkriich oanfolle mei saken út oare tsjerken. Yn 'e eastlike ôfsluting stiet in preekstoel út 1621, dy't ôfkomstich is út de Sudertsjerke fan Amsterdam. De achtsidige kûp stiet op in stiennen foet en wurdt oerkape troch in grut klankboerd. By de noardlike muorre ûnder it Gerritsz-oargel leit in grêfstien, dy't earder noch yn de Westmonstertsjerke lein hat, in tsjerke dy't yn 1575 ôfbrutsen waard. By de súdlike muorre leit noch in 17e-iuwske grêfstien. Efter it hek oan 'e súdlike muorre leit it lêste rêstplak fan de roomske kening Willem II fan Hollân òf dat fan syn broer, Floaris de Fâd.
Oargels
bewurkje seksjeBy it bombardemint yn 1940 gyng ek it 19e-iuwske oargel fan de oargelmakker Kam ferlern, dat krekt foar dy tiid fan de westlike kant ferhûze wie nei in plak boppe de preekstoel yn it eastlike diel. It Ryksmuseum fan Amsterdam hie doe noch in kas fan in ynstrumint fan Peter Gerritsz lizzen, dy't sûnt 1456 in oargelmakkerij yn Utert hie en dêr yn 1479 in oargel boude foar de Nikolaitsjerke. It hie oant 1885 tsjinst dien, mar ôfbrutsen waard om't it net mear te bespyljen wie en fanwegen it histoarysk belang oerbrocht waard nei it Ryksmyseum. Yn 1952 (1956) waard dy kas troch it Ryksmuseum yn brûklien ôfstien oan de Koertsjerke en oan de noardlike muorre ophongen. It wie ynearsten it doel om it oargel te rekonstruëarjen, mar it die bliken dat soks net mear mooglik wie.
De oargelkommisje fan de herfoarme gemeente hat doe opdracht jûn oan de oargelbouwer Van Vulpen om in hiel nij oargel op it westlike doksaal te bouwen. It besit in haadwurk, boarstwurk en pedaal en 15 registers. It ynstrumint waard op 20 juny 1969 yn gebrûk nommen.[1]
Gebrûk
bewurkje seksjeDe Koertsjerke wurdt brûkt troch de frijsinnich protestantske gemeente Middelburch en de Remonstrantske gemeente Midden-Seelân.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|