Sudertsjerke (Amsterdam)

De Sudertsjerke wie it earste protestantske tsjerkegebou fan Amsterdam, dat nei de ynfiering fan 'e reformaasje yn 'e stêd boud waard. De tsjerke stiet oan 'e Zandstraat nû. 17 en wurdt foar kulturele manifestaasjes ferhierd, mar sneins wurde der ek tsjinsten fierd.

Sudertsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Amsterdam
adres Zuiderkerkhof 72
koördinaten 52° 22' N 4° 53' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip oarspr. Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke
status bûten gebrûk sûnt 1929
Arsjitektuer
arsjitekt Hendrick de Keyser
boujier 1608-1614
boustyl renêssânse
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 6498
Kaart
Sudertsjerke (Amsterdam-Binnenstêd)
Sudertsjerke

De tariedings foar de bou fan in nije tsjerke yn 'e Lastage (no de Nieuwmarktbuurt) sette útein yn 1603 mei it slaan fan peallen foar it fûnemint. De buert waard yn 'e 16e iuw by it groeiende Amsterdam foege. Noch yn itselde jier waard troch boargemaster Bicker's soan Johan de earste stien foar de tsjerke lein.

 
De tsjerke yn 'e 17e iuw.

De stedsarsjitekt Hendrick de Keyser, dy't yn 1591 him tegearre mei de stedsingenieur Cornelis Bloemaert yn Amsterdam nei wenjen setten hie, soarge foar in ûntwerp yn renêssânsestyl. Alhoewol't foar de bou stiennen brûkt wurde koene fan 'e ôfbrutsen stedsmuorre, moast it wurk dêrnei hast fjouwer jier stillein wurde fanwegen jildbrek. De tsjerke is in seis traveeën lange pseudobasilyk mei in middenskip en twa sydskippen mei Toskaanske pylders, houten tonferwulften.

Op Pinkstersnein fan it jier 1611 koe de tsjerke yn gebrûk nommen wurde. Dêrnei duorre it noch oant 1614 dat ek de toer en it tsjerkhôf mei de twa sânstiennen poarten foltôge wiene. Fan dy twa poarten is de poarte oan de Sint-Anthoniesbreestraat bewarre bleaun, dy't ek troch Hendrick de Keyser ûntwurpen waard.

De Sudertsjerke bleau as tsjerke fan 'e Nederlânsk-Herfoarme gemeente fan Amsterdam oant 1929 yn gebrûk.

It oargel fan 'e Sudertsjerke waard yn 1821 mei foar in part âld piipwurk fan in ynstrumint fan Hans Wolff Schonat út de Alde Tsjerke boud troch oargelmakker J.C. Friederichs. Yn 1929 waard it Schonat-Friederichs-oargel ferkocht oan 'e grifformearde Eastertsjerke fan Aalten, dêr't it ynstrumint yn in oare behuzing werboud waard.

 
De Sudertsjerke skildere troch Claude Monet (1874).

De arsjitekt fan 'e Sudertsjerke ferstoar yn 1621 en waard dêr ek begroeven. Yn 1921 waard boppe syn grêf in betinkingsstien set. Trije bern fan Rembrandt van Rijn waarden yn 'e Sudertsjerke begroeven (Rembrandt wenne yn 'e Jodenbreestraat). Neffens in sechje soe Rembrandt de Nachtwacht yn 'e tsjerke skildere ha, om 't syn atelier dêr te lyts foar wie, mar dêr is gjin bewiis foar. Ferdinand Bol, ien fan syn ferneamste learlingen, waard yn 1680 ek yn 'e Sudertsjerke begroeven.

Gebrûk nei 1929

bewurkje seksje
 
De noch besteande tsjerkhôfpoarte fan 'e Sudertsjerke

Yn 'e Hongerwinter fan 1944-1945 waard de tsjerke fanwegen it hege tal stjergefallen as needmortuarium brûkt. De tsjerke waard yn 'e jierren 1960 regelmjittich brûkt foar presintaasjes oer de takomstplannen fan Amsterdam. It gebou waard yn 1970 sletten fanwegen brekfalligens en tusken 1976 en 1979 waard de tsjerke restaurearre. Nei de restauraasje brûkt de gemeente de tsjerke as in ynformaasjesintrum, mar mei't der besunige wurde moast waard it ynformaasjesintrum yn 2010 sletten.

Yn 2011 soe it te stiftsjen Nationaal Historisch Museum de Zuiderkerk de tsjerke foar fiif jier hiere as eksposysjeromte, mar fanwegen besunigings giene dy plannen net troch en sûnt wurdt de tsjerke ferhierd foar gearkomsten en/of kulturele manifestaasjes.

Doe't de tsjerketoer 400 jier bestie waard sûnt 1929 foar it earst op 16 juny 2014 wer in tsjerketsjinst yn 'e tsjerke holden.

De Amsterdamske Vineyardgemeente makket no (2023) foar harren fierings sneins gebrûk fan 'e tsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Zuiderkerk (Amsterdam)