Sint-Hedwigkatedraal

De Sint-Hedwigskatedraal (Dútsk: Sankt-Hedwigs-Kathedrale) is sûnt de stifting fan it roomske aartsbisdom Berlyn yn 1930 de biskopstsjerke yn 'e Dútske haadstêd Berlyn. De katedraal stiet oan it Bebelplatz yn it stedsdiel Mitte en hat sûnt 1927 de status fan basilica minor. De katedraal is wijd oan Hedwig fan Andechs, patroanhillige fan Sileezje.

Sint-Hedwigkatedraal
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
plak Berlyn-Mitte
adres Bebelplatz
koördinaten 52° 30' N 13° 23' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
Arsjitektuer
arsjitekt Georg Wenzeslaus von Knobelsdorff
boujier 1747-1773
boustyl neoklassisisme
Webside
www.hedwigs-kathedrale.de
Kaart
Sint-Hedwigkatedraal (Berlyn-Sintrum)
Sint-Hedwigkatedraal

De hjoeddeiske katedraal is de earste roomske tsjerke dy't nei de reformaasje yn Prusen boud waard. De Berlynske roomsen hiene oant dy tiid allinne in brekfallige kapel oan 'e Kraußenstraße. Dy kapel waard yn 'e 18e iuw te lyts foar de waaksjende katolike mienskip en yn 1743 joech Freark de Grutte tastimming om in nije katolike tsjerke te bouwen.

 
De katedraal yn 1747.

De Prusyske kening joech foar de bou sels 5.000 daalders, mar de parochy moast sels it grutste part fan 'e boukosten betelje. Dêrfandinne duorre it noch in skoft ear't de bou útein sette koe. Nei't katoliken út hiel Europa jild skonken, waard de tsjerke tusken 1747 en 1773 neffens plannen fan Georg Wenzeslaus von Knobelsdorff oan it Bebelplatz boud. De út Nederlân ôfkomstige arsjitekt Jan Bouman hie tafersjoch op 'e bou fan 'e rûne tsjerke, dy't ynfloeden hat fan it Romeinske Pantheon.

De Hedwigskatedraal waard fral foar de nije katolike ynwenners út Sileezje boud. Dêrom krige de tsjerke ek it patrosinium fan de patroanhillige fan dy krite. Freark de Grutte hie Sileezje yn 1740 op it katolike Eastenryk oermastere en woe mei de bou fan in roomske tsjerke yn Berlyn him sa fan syn goede kant sjen litte. Biskop Ignacy Krasicki fan Ermlân, tagelyk in freon fan 'e kening, wijde de nije tsjerke op 1 novimber 1773. Lang om let duorre it noch oant 1887 dat de tsjerke hielendal foltôge wie.

 
De yn 1943 ferneatige katedraal.

By de bombardeminten op Berlyn yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke yn 'e nacht fan 1 op 2 maart 1943 troch brân ferneatige. Tusken 1952 en 1963 waard de tsjerke ûnder DDR-bestjoer wer opboud. De koepel is sûnder de oarspronklike lantearne werboud. It hjoeddeiske ynterieur is neffens in ûntwerp fan Hans Schwippert, wylst Frits Schwerdt it tabernakel en it alterkrús makke. Op 1 novimber 1963 op Alderheljen waard it nije heechalter troch de Berlynske biskop Alfred Cardinal Bengsch konskrearre.

Yn it ramt fan in grutte restauraasje waard de katedraal yn 2018 sletten. De pontifikale en kapittelfieringen waarden foar in skoft holden yn 'e Sint-Joazeftsjerke fan Berlyn-Wedding.

Yn 'e maitiid fan 2022 frege aartsbiskop-metropolyt Heiner Koch oan 'e parochianen om foar de bou fan in nij haadalter stientsjes te sammeljen en dy nei de katedraal te bringen. By de renovaasje is ien fan 'e grutste feroarings it nije healrûne alter, dat neffens in idee fan 'e Eastenrykske keunstner Leo Zogmayer opboud is mei stientsjes út it hiele bisdom .

Yn 'e krypte fan 'e katedraal binne de grêven fan biskoppen en is een 16e-iuwske Madonna te sjen.

Bernhard Lichtenberg

bewurkje seksje

Nei't ûnder it nasjonaalsosjalistysk bewâld yn'e nacht fan 9 nei 10 novimber 1938 yn it lân oeral de synagoge's baarnden, bidde preester Bernhard Lichtenberg by in jûnstsjinst yn'e tsjerke iepenlik foar it lot fan 'e joaden. Ek stipe er ferfolge joaden mei jild en fersette er him op 'e kânsel tsin it eutanasyprogramma fan 'e nazy's. Lichtenberg waard letter finzen set en ferstoar ûnderweis nei it konsintraasjekamp Dachau. Yn 1965 waarden de reliken fan 'e sillige Bernhard Lichtenberg nei de krypte fan 'e katedraal oerbrocht.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: en:St. Hedwig's Cathedral