Notre-Dame fan Parys

De Notre-Dame fan Parys is in katedraal op de Île de la Cité yn Parys, in eilân yn de Seine. Notre Dame bestjút 'Us Frouwe', yn dit gefal Marije, de mem fan Jezus Kristus. Yn Frankryk stean ferskate tsjerken mei de namme Notre Dame. De Notre-Dame fan Parys hat in lingte fan 130 meter en in hichte fan sa likernôch 70 meter. Alle jierren wer wurdt de katedraal besocht troch wol 14 miljoen toeristen.

Us-Leaffrou fan Parys

Notre-Dame de Paris

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Île-de-France
plak Parys
adres 6 Parvis Notre-Dame - Pl. Jean-Paul II
koördinaten 48° 51' N 2° 21' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Parys
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1163-1345
boustyl Gotyk
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side aartsbisdom
Side katedraal
Kaart
Notre-Dame fan Parys (Parys)
Notre-Dame fan Parys

Biskop Maurice de Sully joech ûnder Loadewyk VII opdracht ta de bou fan de katedraal. De earste stien waard yn 1163 troch paus Aleksander III dellein. Yn 1345 wie de bou fan de katedraal dien.

Yn 1804 kroande Napoleon himsels ta keizer yn de Notre Dame.

Mei de metro kin men it maklikst by de Notre-Dame fan Parys komme troch de halte 'metro station Cité' te brûken.

  De Wikipedy hat ek in side Brân fan de Notre-Dame fan Parys.

Op 15 april 2019 wie der in grutte brân yn de katedraal op in momint dat de katedraal renovearre waard. De krusingstoer en it dak fan it gebou stoarten yn en der ûntstie grutte skea oan it ynterieur, de boppemuorren en de ramen fan de tsjerke, allyksa oan tal fan keunstwurken. It stiennen ferwulft ûnder it dak behindere dat it grutste part fan de brân yn it binnenste fan 'e katedraal berikke koe. Dêrtroch bleau it gebou úteinlik fierdere skea besparre.

  • Pascal Tonazzi: Florilège de Notre-Dame de Paris (anthologie). Éditions Arléa, Paris, 2007, ISBN 2-86959-795-9

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Commons: Notre-Dame de Paris – foto, fideo en harktriemmen