Komeet 67P/Tsjûrjûmow-Gerasimenko
67P/Tsjûrjûmow-Gerasimenko is de namme fan in periodike komeet mei in omlooptiid om de sinne fan 6,6 jier. De komeet is it eindoel fan de ESA romtesonde Rosetta, dy't op 2 maart 2004 yn Frânsk-Guyana lansearre waard en dêr augustus 2014 oankaam.
Skaaimerken
bewurkje seksjeDiameter: | 4 km |
Omlooptiid: | 6,6 jier |
Eksintrisiteit: | 0,6 |
Ynklinaasje: | 7,1 graden |
Massa: | 3,14×1012± 0,21×1012 kg |
Untdekt yn : | 1969 |
Untdekking
bewurkje seksjeDe komeet waard ûntdutsen fan Klim Tsjûrjûmov. Hy bestudearre de bylden dy't Svetlana Gerasimenko op 11 septimber 1969 op it Astrofysysk Ynstitút Alma-Ata naam hie om komeet 32P/Comas Solá te bestudearjen. Oan de râne fan dy bylden seach er in komeeteftich foarwurp, mar hy tocht yn 't earstoan dat it de komeet Comas Solá sels wie.
Werom yn syn eigen ûndersyksynstitút yn Kiev, waarden de bylden nochris yngeand besjoen. Op 22 oktober 1969, waard konkludearre dat it komeet Comas Solá wêze koe meidat dit objekt sa'n 1,8 graden fan it plak lei dêr't de komeet ferwachte wurde koe. Nochris op 'en nij besjoen fûn men Comas Solá op it ferwachte plak werom, dat sadwaande hiene Tsjûrjûmov en Gerasimenko in nije komeet ûntdutsen.
Rosetta
bewurkje seksjeOp 6 augustus 2014 is de ESA-romtesonde, Rosetta by de komeet oankaam. De komeet sil fierder bestudearre en yn kaart brocht wurde. De lâner fan de sonde, Philae, sil boaiemûndersyk op de komeet dwaan. Op 12 novimber 2014, om 16:30 oere hinne, lâne de Philae, op de komeet.[1] Nei't er in grûnboarring dien hie wie syn akku benei leech en waard it tastel op stand by set. Der wurdt ferwachte dat de sinnepanielen de akku wer oplade kin at de komeet tichter by de sinne komt[2].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|