Kiëv
Kiëv of Kyjiv (Oekraynsk: Київ, Kyjiv, [ˈkɪjiu̯]; Russysk: Киев, Kijev, [ˈkʲijɪf]) is de haadstêd en grutste stêd fan de Oekraïne. De stêd leit oan wjerssiden fan de rivier de Dnjepr (Oekraynsk: Dnipro). Bestjoerlik sjoen stiet de stêd lykas Sebastopol op itselde nivo as dat fan de oblasten fan Oekraïne. Hoewol't de stêd der gjin part fan is, is Kiëv ek it bestjoerssintrum fan de oblast Kiëv.
Kiëv Київ, Киев | ||
Bestjoer | ||
Lân | Oekraïne | |
Gemeente | Kiëv Stêd | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.962.180 (2021) | |
Oerflak | 839 km² | |
Befolkingsticht. | 3.299 / km² | |
Stêdekloft | 3.475.000 (2021) | |
Hichte | 179 m | |
Oar | ||
Stifting | 5e iuw | |
Tiidsône | EET (UTC+2) | |
Simmertiid | (UTC+3) | |
Offisjele webside | ||
www.kmv.gov.ua/ |
Geografy
bewurkje seksjeDe stêd leit oan beide iggen fan de Dnjepr, dy't nei it suden ta de Swarte See yn streamt.
Op de westlike igge fan de rivier binne talrike heuvels mei dêrop boskgebieten. Dêr leit ek it histoaryske sintrum. By de rivier rinne de heuvels steil ôf. It heuvelgebiet is ûnderdiel fan it folle gruttere Dnjepr Hegelân dat in lyts stik nei it westen en foaral nei it suden trochrint. De hichte fan de heuvelgebiet yn Kiëv skommelet tusken de 150 en 200 meter. Nei it noarden ta wurdt it lân flakker.
De eastlike igge fan de rivier waard pas yn de 20e iuw beboud. It lân oan dizze kant fan de Djnepr is flak. Eastlik fan de Dnjepr binne ek mear wetterkes te finen lykas marren en sydrivieren. Yn totaal binne der binnen it stedsgebiet 448 ferskillende iepen wetterflakten.
It Truhaniv-eilân en oare gruttere eilannen yn de rivier binne amper beboud en wurde as rekreaasje- en natoergebiet brûkt.
Skiednis
bewurkje seksjeKiev ûntstie oan de rivier de Dnjepr, oan de hannelsrûte fan de Varjagen nei de Griken. Wannear 't de stêd stichte is, is net dúdlik. Neffens de Nestorkronyk is it yn of foar de njoggende iuw ûntstien troch de komst fan de Varjagen of Rûs. It gebiet om de stêd hinne neamden sy Kiev-Rûs. De stêd sels wurdt Kiev neamd. Yn dy tiid libben yn 'e omkriten fan Kiev de Slavyske Poljanen.
De bloeitiid fan Kiev leit tusken 882 en 1169, doe't it de haadstêd fan it East-Slavyske Kievske Ryk wie. Ut dy tiid, it tiidrek fan ’e Slavyske kerstening, datearje de wichtichste monuminten yn 'e stêd lykas de Sint-Sofiakatedraal en it Hoalekleaster.
Yn 1240 waard Kiev, dat doedestiids mei goed 30.000 ynwenners ien fan ’e grutste Europeeske stêden wie, troch de Mongoalen ferneatige. Yn de neikommende seis iuwen wie Kiev net folle mear as in provinsjestêd yn it Poalsk-Litouske Gemenebest en it Russyske Ryk. Yn de 19e iuw begûn de stêd wer te groeien; om 1900 hinne wienen der 250.000 ynwenners.
Yn 'e gaotyske situaasje nei de Earste Wrâldoarloch waard Kiev hieltyd wer troch oare stridende partijen ynnommen: Oekraynske nasjonalisten, Poalen, de antykommunistyske Russyske generaal Anton Denikin en de bolsjewiken. De úteinlike bolsjewistyske oerwinning hie fan gefolgen dat Kiev en de Oekraïne ûnderdiel fan de Sovjet Uny waarden.
Yn 1941 waard Kiev ferovere troch it Tredde Ryk. 33.000 joadske ynwenners fan de stêd waarden fuort dêrnei fermoarde yn it ravyn Babi Jar, dat doe noch bûten de stedsgrinzen fan Kiev lei.
Yn novimber/desimber 2004 wienen der yn Kiev ferskate protestdemonstraasjes fan oanhingers fan Viktor Jûsjtsjenko. Sy protestearren tsjin de ferkiezingsfraude troch oanhingers fan Viktor Janûkovytsj. Nei ôfrin fan dizze saneamde Oranjerevolúsje waard Jûsjtsjenko dochs minister-presidint.
In twadde grutte protestbeweging yn Kiev wie de Euromaidan tusken desimber 2013 en febrewaris 2014. De beweging woe de Russysksinnige presidint ôfsette en earder as plend nije presidintsferkiezings hâlde.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Andrijivsky Oezviz
- Babyn Jar
- Kresjtsjatyk (haadstrjitte)
- Gouden Poarte (Zoloti Vorota)
- Grêf fan Askold
- Hoalekleaster
- Holosijiv-bosk (park)
- Majdan Nezalezjnosti ('Plein fan de Unôfhinklikens')
- Mariinskipaleis
- Petsjersk-Lypky
- De wyk Podil
- Sint-Andréastsjerke
- Sint-Michaelskleaster
- Sint-Sofiakatedraal
Ferkear en ferfier
bewurkje seksje- Lofthavens:
- Ynternasjonale Lofthaven Boryspil
- Lofthaven Zjoeljany
- Metro fan Kiëv
- Stasjon Kyjiv-Pasazjyrsky
Sport
bewurkje seksjeKiëv hat de ferneamde fuotbalklup Dynamo Kiëv, mei ûnder oaren de stjerspits Andrij Sjevtsjenko. Yn it ferline wienen Oleh Blochin en Ihor Bilanov de grutte bazen, beide waarden sy ferkeazen as Europeesk fuotballer fan it jier.
Berne yn Kiëv
bewurkje seksje- Nikolaj Berdjajev (1874-1948), Russysk filosoof
- Alexander Archipenko (1887-1964), Oekraynsk-Amerikaansk avant-gardistysk keunstner, byldhouwer en grafysk ûntwerper
- Michail Boelgakov (1891-1940), Russysk skriuwer
- Vladimir Horowitz (1903-1989), Russysk-Amerikaansk pianist
- Ephraim Katzir (1916-2009), Israelysk biofysikus en presidint fan Israel
- Mila Kunis (1983), aktrise
- Olga Lepesjinskaja (1916-2008), Russysk ballerina
- Anatole Litvak (1902-1974), Amerikaansk filmregisseur
- Kazimir Malevitsj (1878-1935), keunstskilder
- Andrej Medvedev (1974), tennisser
- Golda Meïr (1898-1978), premier fan Israel
- Vaslav Nijinsky (ca.1889-1950), Russysk balletdûnser
- Nicolas Rossolimo (1910-1975), Frânsk-Amerikaansk skaker
- Lev Sjestov (1866-1938), Russysk filosoof
- Alexandr Dolgopolov(1988), tennisser