Kazimir Malevitsj
Kazimir Severinovitsj Malevitsj (Russysk: Казимир Северинович Малевич; Oekraynsk: Казимир Северинович Малевич; Wytrussysk: Казіме́р Мале́віч; Poalsk: Kazimierz Malewicz; Dútsk: Kasimir Malewitsch) (Kiev, 23 febrewaris 1879[1] - Leningrad, 15 maaie 1935) wie in Oekraynsk keunstskilder dy't ferneamd waard yn West-Europa as dosint en as teöretikus fan it konstruktivisme en it suprematisme, as moderne keunstrjochtingen.
Kazimir Malevitsj | ||
keunstner | ||
Kazimir Malevitsj | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Kazimir Severinoviisj Malevitsj | |
nasjonaliteit | Keizerryk Ruslân, Sovjet-Uny | |
berne | 23 febrewaris 1879 | |
stoarn | 15 maaie 1935 (57 jier) | |
etnisiteit | Poalsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Skilder | |
streaming | Suprematisme, konstruktivisme | |
medium | Skilderij | |
bekendste wurk(en) |
Swart fjouwerkant, Wyt op wyt |
Biografy
bewurkje seksjeMalevitsj waard berne yn de omkriten fan Kiev, de Oekraïne. Syn âlden, Seweryn en Ludwika Malewicz, wiene fan Poalsk komôf. Syn heit wie manager fan in sûkerfabryk. Kazimir wie de âldste fan 14 bern. De húshâlding ferhuze faak en Malevitsj brocht it grutste part fan syn jeugd troch yn doarpen by sûkerbiteplantaazjes fier fan de kulturele sintra.
Oant syn 12e of 13e wist er neat fan beropskeunstners, hoewol't de keunst fan boeren him yn syn jeugd oeral omjûn hie. Hy wie wei fan boereborduerwurk en fan bewurke muorren; hy koe sels ek yn de boerestyl skilderje. Hy studearre skilderjen yn Kiev fan 1895 oant 1896. Yn 1904, nei de dea fan syn heit, ferfear er nei Moskou. Dêr studearre er fan 1904 oant 1910 oan de Hegeskoalle foar Skilderkeunst, Plastyk en Arsjitektuer.
Oarspronklik liet Malevitsj' wurk ympresjonistyske en symbolistyske skaaimerken sjen, mar nei 1910 makke er de kar foar in geometryske foarmûntleding, dy't er kombinearre mei in lyrysk kleurebyld en dy't late soe ta syn bekende futuristyske figuraasje. Syn kegel- en silinderfoarmige figueren fynt men werom by de Frânske Fernand Léger, dy't yn deselde snuorje libbe en wurke. Om 1915 hinne definieart Malevitsj syn wurk as it Suprematisme, as "de absolute macht fan de byldzjende ekspresje". Malevitsj: "Under suprematisme ferstean ik de supremasy fan de suvere ûnderfining yn de byldzjende keunst".
Yn 1919 jout Malevitsj les oan de Folkskeunstskoalle yn Vitebsk, dêr't er mei in tal oare dosinten en learlingen syn tinken fierder útwurket yn de keunstnersferiening Unovis. Letter soe dit yn Petrograd fuortset wurde yn it ynstitút Ginchoek.
Mei syn teoretisearjende opfettings bedarre er yn de arsjitektuer en de yndustriële foarmjouwing en sa kaam er úteinlik telâne, yn 1927, te Berlyn by it Bauhaus, om syn ferhannelingen te publisearjen op de 'Berliner Große Kunstausstellung'.
Nei de ommekear yn de offisjele sovjetkeunstpolityk, nei 1928, waard it wurk fan Malevitsj as 'dekadint' en 'bougeois' klassifisearre. In protte fan syn wurk waard yn beslach naam. Sadwaande makke er dy min of mear figurative skilderijen dy't it boerebestean as tema hienen, opboud út tige elemintêre foarmen, dat wol. Letter yn syn libben krige er niget oan it Renessânse-potret; der ûntstiene doe lykwichtige portretten, û.o. fan him sels en fan syn frou.
Malevitsj stoar yn de âldens fan 58 jier oan prostaatkanker.
Skilderstyl
bewurkje seksje- Suprematist Composition: Airplane Flying, 1915
- Composition of Combined Suprematist Elements, 1919
Malevitsj' bekendste wurk wurdt ta it suprematisme rekkene. Yn it wurk Suprematistysk skilderij út 1916 brûkte Malevitsj rjochthoeken yn swart, wyt en primêre kleuren. Der is in strange ferdieling fan foarmen en kleuren. Hy brûkte ek mingkleuren fan primêre kleuren makke; ferskillende toanen read en giel waarden ek tapast. Hy sette de foarmen skean del; de rjochthoeken kantele. Malevitsj brûkte geometryske foarmen, dy't net beheind bleaune ta horizontale en fertikale linen, sa as de Nederlânske skilder Piet Mondriaan meastentiids wol die.
Galery
bewurkje seksje-
Blommefamke, 1903
-
Baaiers, 1908
-
Winter, 1909
-
Holle fan in boerefamke, 1912-1913
-
Buro en keamer, 1913
-
Ko en Fioele, 1913
-
Ingelsman yn Moskou, 1914
-
Black Circle, ûndertekene 1913, skildere 1915
-
Swart fjouwerkant, 1915
-
Suprematism (Selsportet), 1916
-
Suprematisme, Museum of Art, Krasnodar 1916
-
Suprematisme, 1921-1927
-
Jonge, 1928-1932
-
Reade-Kavalery, 1928-1932
-
Simmer lânskip, 1929
-
Meander, 1930
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes
bewurkje seksje- ↑ Запись о рождении в метрической книге римско-католического костёла св. Александра в Киеве, 1879 год // ЦГИАК Украины, ф. 1268, оп. 1, д. 26, л. 13об—14. (Russysk)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kazimir Malevich fan Wikimedia Commons. |