Sint-Andréastsjerke (Kiëv)

De Sint-Andréastsjerke (Oekraynsk: Андріївська церква; Russysk: Андреевская церковь) is in tsjerke yn ien fan 'e âldste dielen fan it stedssintrum fan 'e Oekraynske haadstêd Kiëv. De Andréastsjerke waard yn 'e jierren 1747-1754 neffens in ûntwerp fan 'e Russysk-Italjaanske arsjitekt Bartolomeo Rastrelli op 'e heuvel mei deselde namme boud. It is ien fan 'e moaiste barokke bouwurken fan it lân.

Andréastsjerke
Lokaasje
lân Oekraïne
plak Kiëv
koördinaten 50° 27' N 30° 35' E
Arsjitektuer
arsjitekt Bartolomeo Rastrelli
boujier 1747-1754
boustyl barok
Webside
Side fan Andreastsjerke
Kaart
Sint-Andréastsjerke (Kiëv)
Sint-Andréastsjerke

De tsjerke wurdt sûnt 2018 brûkt as de missy fan it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel yn Kiëv.

Fanwegen de bou fan 'e tsjerke op in heuvel, krige de tsjerke yn 2012 lêst fan skuorren yn de fûneminten en foelen der stikken fan 'e dekoraasje fan 'e tsjerke nei ûnder. Om it gebou tsjin fierder ferfal te beskermjen is de heuvel fersterke en de wei dêr't de tsjerke oan stiet rekonstruearre.

Op it plak fan 'e tsjintwurdige Andréastsjerke soe de apostel Andréas neffens de leginde in krús plante ha en dêr wytge ha dat dêr in kristlik sintrum stifte wurde soe.

De Andréastsjerke waard yn opdracht fan tsarina Elisabeth Petrovna troch de keizerlike arsjitekt Francesco Bartolomeo Rastrelli tusken 1747 en 1762 boud, de bouwer fan it Winterpaleis yn Sint-Petersburch. Likernôch tagelyk waard der noch in gebou troch de arsjitekt yn Kiëv boud, it ek yn opdracht fan de tsarina Elisabeth boude Mariïnsky-slot. Oan 'e dekoraasje fan 'e tsjerke wurken ferneamde keunsters lykas Ivan Tsjaikovsky, Ivan Visjnjakov en Aleksej Antropov. De bou stie ûnder lieding fan 'e Russyske arsjitekt Ivan Fjodorovitsj Mitsjûrin. Yn augustus 1767 waard de Andréastsjerke ynwijd.

 
De tsjerke oan it ein fan de 19e iuw.

De tsjerke hie gjin parochy en der waard ek gjin klokketoer tafoege om de minsken op te roppen om nei tsjerke te gean. Elisabeth ferstoar noch foar de foltôging fan 'e tsjerke. Nei har dea hie it hôf gjin ynteresse mear yn 'e Andréastsjerke en de tsjerke waard oan syn lot oerlitten. Se moast it mei jeften dwaan fan minsken, dy't it projekt in goed hert tadroegen.

Nei de revolúsje fan 1917

bewurkje seksje

Nei de Russyske Revolúsje yn 1917 bleau de tsjerke oant 1932 iepen. Yn dat jier waard it gebou yn opdracht fan 'e Sovjetautoriteiten sletten foar de earetsjinst. In pear jier letter, yn 1935, waard de tsjerke by it Histoaryske Myseum fan Kiëv foege en sûnt 1939 hearde de tsjerke by it Ateïstyske Museum, dat yn 'e Sofiakatedraal ûnderbrocht wie.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke wer iepensteld foar de earetsjinst. Sûnt 1949 makke it Teologyske Seminaarje fan Kiëv gebrûk fan 'e ûnderbou fan 'e tsjerke. Yn 'e tsjerke waarden de reliken fan de hillige Barbara bewarre. Yn in nije anty-religieuze weach yn it lân waard it seminaarje yn 1960 sletten en efkes letter ek de tsjerke foar de earetsjinst; de reliken fan Sint-Barbara waarden doe oerbrocht nei de Voldymyrkatedraal.

It gebou krige wer in museale funksje en tusken 1974 en 1987 waard in grutte restauraasje útfierd. De restauraasje waard útfierd neffens orizjinele tekenings fan it ûntwerp, dy't ûntdutsen wiene yn 'e kolleksje fan it keunstmuseum Albertina yn Wenen en it gebou krige de dekoraasjes werom, dy't earder ferlern gien wiene.

Tsjintwurdich gebrûk

bewurkje seksje
 
Ikonostaze

Fan 2001 oant 2016 makke de Oekrynske Autosefale Otterdokske Tsjerke gebrûk fan de Andréastsjerke. Op 18 oktober 2018 waard de tsjerke oerdroegen oan it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel as de permaninte fertsjintwurdiging yn Kiëv.

De tsjerke stiet op in twa ferdjippings tellende ûnderbou en is 46 meter heech. It krúsfoarmige gebou hat in sintrale haadkoepel mei dêrom hinne fjouwer tuorkes dy't mei koepels bekroand binne. Kwa úterlik docht de tsjerke tinken oan 'e Smolny-katedraal yn Sint-Petersburch, in ûntwerp fan deselde arsjitekt. De koepels en finsters binne fersierd mei ryk listwurk yn de styl fan 'e Rastrelli-barok, wylst de gevels fersierd binne mei korintyske pylders.

It ynterieur fan 'e tsjerke is ferneamd fanwegen de houten reade ikonostaze, makke en fersierd mei bledgoud troch masters út Sint-Petersburch.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Андреевская церковь (Киев)