Het Winterpaleis (Russysk: Зимний Дворец, Zimnij Dvorets) is in paleis yn Sint-Petersburch oan 'e igge fan 'e Neva. It rjochthoekige paleis is 250 m lang en 30 m heech.

Winterpaleis
Lokaasje
lân Ruslân
plak Sint-Petersburch
adres 2, Dvortsovaja Plein
koördinaten 59° 56' N 30° 18' E
Skiednis
boujier 1754-1762
Oars
boustyl barok
hjoeddeisk gebrûk museum
monumintale status federaal monumint
monumintnûmer 781510390340026
Webside
www.hermitagemuseum.org
Kaart
Winterpaleis (Sint-Petersburch-Sintrum)
Winterpaleis

It paleis waard yn 'e 18e iuw boud as winterresidinsje foar de Russyske tsaren en is no ûnderdiel fan 'e Hermitaazje, ien fan 'e meast ferneamde musea yn Ruslân. It oangrinzgjende Paleisplein wie it toaniel fan in soad histoaryske barrens, lykas de Bloedsnein fan 1905 en de Oktoberrevolúsje fan 1917.

It 233.345 m² grutte Winterpaleis, dat út mear as 1500 romtes bestiet, heart ta de wichtichste toeristyske attraksjes fan Sint-Petersburch. Fral de Jordaantrep, de Peter- of Lytse Troanseal, de Fjildmaarskalkseal, de Joaris- of Grutte Troanseal, de Malachytseal, de Gouden Salon, de 1812-galerly en de paleiskapel binne it neamen wurdich. Sûnt 1990 heart it paleis by it UNESCO-wrâlderfgoed.

It Winterpaleis waard tusken 1754 en 1762 boud yn opdracht fan tsarina Elisabeth I fan Ruslân. De Russyske-Italjaanske arsjitekt Bartolomeo Rastrelli krige de opdracht om it paleis te bouwen, dat oare Europeeske paleizen yn alles oertreffe moast. De bou koste in soad jild en der wurken acht jier lang wol 4000 minsken oan it projekt. Rastrelli wie fan doel de 460 keamers fan it paleis yn barokke styl te fersieren en de opdracht fan tsarina Elisabeth te foltôgjen, mar Elisabeth ferstoar yn 1762 en har opfolger, har muoikesizzer Peter III, in pear moanne letter dêrnei ek. De nije hearsker fan Ruslân wie de frou fan Peter III en soe bekend wurde as Katarina de Grutte. Hja hie in hiele oare smaak as Elisabeth en socht nije arsjitekten om it paleis yn neoklassisistyske styl ôf te meitsjen. Noch yn itselde jier (1762) kaam der in ein oan 'e bou; it paleis bestie doe út in mingstyl fan barok en neoklassisisme.

 
Brân yn it Winterpaleis.

Yn 'e nacht fan 17 desimber 1837 ûnstie der in grutte brân yn 'e Fjildmaarskalkseal fan it paleis. De brân wie troch de konstruksje en it brûkte materiaal lêstich te dwêsten, mar it fjoer gie stadich genôch om de skilderijen en it meubilêr op 'e tiid nei bûten te bringen. Foar it meitsjen fan in brângong joech de tsaar opdracht om de trije trochgongen dy't nei de Hermitaazje laten te ferneatigjen. Dat wie in tige ferstannige set dy't de ûnbidich grutte keunstkolleksje rêde. It fjoer bleau noch dagen trochbaarnen en it hiele ynterieur gie ferlern.

Tsaar Nikolaas I wie grif fan doel om it paleis yn in koart skoft wer bewenber te meitsjen. Yn fyftjin moannen wurken likernôch 6.000 minsken ûnder swiere omstannichheden oan de weropbou, dy't ûnder lieding fan 'e arsjitekten Vasili Stasov en Alesksandr Brjûllov stie. De measte steatsferstrekken lykas de Jordaantrep en de grutte paleistsjerke waarden ûnder Vasisi Stasov wer yn it oarspronklike ûntwerp werboud. Oare keamers, lykas de Wapenseal, waarden noch dekorativer werboud mei in soad tapassing fan fergulding. Alesksandr Brjûllov naam de lytsere fertrekken en de priveefertrekken fan 'e tsaar foar syn rekken. Hy boude it ynterieur op yn de neffens de doe hearskjende moade en paste mear neogotyk en rokoko ta.

Yn 1839 wenne de keizerlike famylje yn it paleis.

It Winterpaleis wie fan 1762 oant 1917 de offisjele residinsje fan 'e Russyske monargy.

 
Iepening fan 'e Dûma (1906) yn it Winterpaleis.

In part fan it paleis, bekend as de Hermitaazje, waard sûnt Katarina de Grutte brûkt om de keizerlike keunskolleksje yn ûnder te bringen. Nikolaas I boude de kolleksjeromtes út ta in museum, it Hermitaazjemuseum.

Oant de slagge moardoanslach op tsaar Aleksander II yn 1881 bleau it paleis de winterresidinsje. Aleksander hie al in rige oanslaggen meimakke en in jier earder wie der ek al in swiere bomoanslach yn it Winterpaleis. Dêr kaam de tsaar mei syn famylje noch goed foar wei, mar alve leden fan 'e keizerlike garde ferlearen doe it libben.

De nije tsaar Aleksander III fielde him net feilich mear yn it Winterpaleis en hy brûkte tenei oare paleizen. It Winterpaleis bleau allinne noch foar plechtichheden en eveneminten lykas grutte feesten yn gebrûk.

De lêste tsaar, Nikolaas II, wenne it leafste yn it Aleksanderpaleis yn Tsarskoje Selo bûten Sint-Petersburch. Hy brocht mei de famylje yn 'e regel winterdeis wol in pear wiken yn it Winterpaleis troch.

Yn 'e Earste Wrâldkriich waard it paleis oant de priveefertrekken fan 'e tsaar ta sûnt 1915 in sikehûs foar de ferwûne soldaten en it ferpleegjend personiel.

Mei't Aleksandr Kerenski yn juny 1917 nei it ôfsetten fan Nikolaas II haad fan it Provisoaryske Regear waard, brûkte it regear it Winterpaleis en wenne Kerenski sels yn 'e apparteminten fan Nikolaas II.

De bolsjewiken grypten op 7 novimber 1917 de macht en de Reade Garde omsingele dy deis it Winterpaleis. Yn 'e rin fan 'e jûn waard it paleis sûnder grutte wjerstân ynnommen. Kerenski wist te ûntkommen en de ministers fan it Provisoaryske Regear joegen har oer. Rillegau dêrnei waard it hiele paleis in museum.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Winterpaleis