Sint-Volodymyrkatedraal (Kiëv)
De Volodymyrkatedraal (Oekraynsk: Володимирський собор; Volodymyrski sobor; ek Vladimirkatedraal) is in katedraal fan 'e Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriargaat Kiëv) yn it sintrum fan Kiëv. De katedraal waard tusken 1859 en 1882 boud, mar der waard noch oant 1886 oan it ynterieur fierder wurke. In grut tal arsjitekten en keunstners hawwe oan 'e neobyzantynske katedraal wurke en op 1 septimber 1896 fûn de wijing plak.
Sint-Volodymyrkatedraal
Володимирський собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Oekraïne | |
oblast | Kiëv | |
plak | Kiëv | |
koördinaten | 50° 26' N 30° 30' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patriarchaat | Kiëv | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Johann Strom; Pavel Sparro; Aleksander Beretti | |
boujier | 1859-1882 | |
boustyl | Neobyzantynske styl | |
Webside | ||
Side fan de katedraal | ||
Kaart | ||
Bou
bewurkje seksjeYn 1852 stelde Filaret fan Moskou út om in grutte katedraal yn Kiëv te bouwen ta oantinken fan it 900-jierrige jubileum fan 'e doop fan prins Vladimir I fan Kiëv (Sint-Volodymyr). It hiele keizerryk sammele jild yn en yn 1859 wie der foar dat doel al in ûnbidich grut bedrach fan 100.000 rûbel by inoar brocht. De muontsen fan it Kiëv-Petsjersk Lavra produsearren in miljoen bakstiennen en joegen dat as harren bydrage oan 'e te bouwen katedraal. Yn 1859 levere Johann Waldemar Strom (1825-1887) de tekenings foar de te bouwen katedraal, in neobyzantynsk ûntwerp mei trettjin fergulde koepels. Nei't de boukommisje it projekt goedkarde, stjoerde dy it ûntwerp nei Sint-Petersburch, dêr't tsaar Aleksander II it persoanlik goedkarde. Om't lykwols noch net al it begrutte jild binnen wie, frege de boukommisje oan de diosesane arsjitekt Pavel Ivanovitsj Sparro (1814-1887) om it oarspronklike ûntwerp te ferienfâldigjen. Fan 'e trettjin koepels waarden der lang om let sân útfierd. It tafersjoch op it projekt waard troch de boukommisje oan Aleksander Beretti jûn, dy't sels ek noch feroarings oan it projekt fan Strom en Sparro oanbrocht.
Skiednis
bewurkje seksjeDe ynwijing fan 'e katedraal fûn op 20 augustus 1896 plak. By de plechtichheid wiene ek tsaar Nikolaas II en syn frou Aleksandra Fedorovna.
De katedraal bleau yn 'e Sovjettiid iepen, alhoewol't besocht waard om de tsjerke te sluten foar de earetsjinst. Yn augustus 1929 karde bygelyks de oerheid in gemeentebeslút goed om de "Volodymyr-katedraal" yn Kiëv te sluten en dêr in anty-religieus museum yn ûnder te bringen. Yn 'e besettingstiid fûn in restauraasje plak en ein 1943 koe de restaurearre katedraal wer iepene wurde. Nei de befrijing fan Kiëv fan 'e Dútsers bleau de katedraal iepen as katedraal fan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke.
De katedraal waard yn 1992 oerdroegen oan 'e Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke (patriargaat fan Kiëv), dy't sûnt de fúzje yn 2018 mei de Oekraynske Autosefale Otterdokske Tsjerke ûnder de namme Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke fierder giet.[1]
Ynterieur
bewurkje seksjeFan grutte keunstsinnige wearde binne de muorreskilderijen yn 'e katedraal. Se waarden ûnder lieding fan 'e keunsthistoarikus Adrian Viktorovitsj Prachov tusken 1885 en 1896 oanbrocht. Grutte Russyske keunstners lykas Viktor Vasnetsov, Michail Nesterov, Pavel Aleksandrovitsj Svedomski, Michail Aleksandrovitsj Vrûbel en Oekraynske keunstners lykas Wilhelm Kotarbiński, Mykola Pymonenko, Viktor Dmitryevitsj Zamirailo en Sergej Kostenko wurken oan it beskilderjen fan it ynterieur. Net allinne hilligen en bibelske ûnderwerpen binne ôfbylde, mar ek grutte histoaryske komposysjes lykas de doop fan Vladimir en de doop fan 'e Rûs.
Reliken
bewurkje seksjeYn 'e katedraal wurde yn in 18e iuwske skryn de reliken bewarre fan Sint-Barbara, ien fan 'e meast fereare kristlike hilligen. Ek de reliken fan 'e otterdokse hillige martler Makarius, de metropolyt fan Kiëv dy't op 1 maaie 1497 troch ynfallende Tataren yn it doarp Strigolovo fermoarde waard, wurde yn 'e katedraal bewarre.[2]
-
Oersjoch ynterieur
-
Fresko's
-
Fresko Viktor Vasnetsov
-
Fresko biskoppen (Viktor Vasnetsov)
-
De ferlieding fan Eva troch de slang (1885-1896)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|