Komerkbrêge
De Komerkbrêge is de brêge midden oer de Heechein yn Snits. Dy namme hat de brêge earst sûnt 2018. Dêrfoar gou it as de Middelbrêge fan de Heechein, en earder wie it de Heecheinsterbrêge. Dy beide namen wurde hjoededei (2023) lykwols foar oare brêgen brûkt.
Foar 1896 lei hjir in houten draaibrêge. Dat jier waard der in J.P. Hogendijk-brêge dellein. Dy hat der lykwols mar oant 1955 lein. Mei dat de Singel dimpt waard, waard ek de wipbrêge ferfongen troch in fêste brêge.
Merk op dat, troch de sitewaasje, foto's fan de Komerkbrêge hast altiten ek de hjoeddeiske Heecheinsterbrêge sjen litte; krekt as de Komerkbrêge eartiids in J.P. Hogendijk-brêge.