Kommando gean
Kommando gean (fan it Ingelske going commando) is it net dragen fan in ûnderbroek ûnder de boppeklean. Foar manlju wurdt dit om foar de hân lizzende redens ek wol freeballing ("frijbaljen") neamd; foar froulju wurdt wol fan freebuffing sprutsen (letterlik oerset: "frijneakenjen" of "frijbleatsjen"). Kommando gean is wat oars as hielendal gjin klean oan it ûnderlichem drage; dat lêste ferskynsel hjit bottomless wêze.
Eftergrûn
bewurkje seksjeDer kinne ferskate redens wêze om kommando te gean. Sa kin men fine dat it nofliker oanfield of kin it in estetysk doel tsjinje as de persoan yn kwestje net wol dat de kleur of râne fan 'e ûnderbroek sichtber is troch boppeklean hinne of boppe de boppeklean út. Ek kin it om in foarm fan ekshibysjonisme gean, wêrby't men seksueel opwûn rekket fan it risiko dat men by it kommando gean trappearre wurdt of dat men begluorke wurdt troch foyeurs. Fierders kin it ek in die fan ferset wêze tsjin 'e algemien akseptearre maatskiplike noarmen oangeande klean en seksualiteit.
Beskate moderne soarten boppeklean, lykas fytsbroeken en guon bermuda's en treningbroeken binne ûntwurpen om sûnder ûnderbroek derûnder droegen te wurden. Dat is noch sterker it gefal by baaiklean en nachtklean. Tradisjoneel hearre manlju ek by it dragen fan 'e Skotske kilt kommando te gean, al wurdt dat yn lang net alle gefallen ek wier dien.
Etymology
bewurkje seksje'Kommando gean' is in letterlike oersetting fan 'e Ingelske term going commando, mar wêr't dy weikomt, is ûndúdlik. Der wurdt wol spekulearre dat it safolle betsjut as 'ree wêze om yn aksje te kommen'. Neffens de Amerikaanske sjoernalist Daniel Engber ûntstie de term om 1974 hinne op 'e kampussen fan universiteiten yn 'e Feriene Steaten, dêr't it mooglik assosjearre wie mei soldaten yn 'e Fjetnamoarloch, dy't nei't it skynt yn it tropyske klimaat fan Fjetnam faak gjin ûnderguod droegen om 'e 'fentilaasje' te befoarderjen en switten tsjin te gean.
De Britske sjoernalist Graeme Donald hat der lykwols op wiisd dat de krekte terminology foar in kommando yn 'e Amerikaanske Striidkrêften ranger of green beret ("griene baret") is ynstee fan commando, en dat de term 'kommando gean' yn elts gefal yn 'e 1960-er jierren al yn gebrûk wie yn it Feriene Keninkryk. Der is sadwaande wol suggerearre dat der in link bestean kinne soe mei de Londenske prostituees út it West End, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch bekendstiene as Piccadilly commandos.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |