Kommersjalisearring

Kommersjalisearring of kommersjalisaasje is it sosjale proses wêrby't guod en tsjinsten yn tanimmende mjitte útbate wurde út in winsteachmerk ynstee fan foar eigen gebrûk of op basis fan wjersidigens. Dêrnjonken wurdt de term ek wol brûkt foar it yn 'e merk setten fan in nij produkt.

Fierders kinne ek hiele maatskippijen kommersjalisearje, lykas by de oergong fan in besteansekonomy nei in merkekonomy. Ek yn 'e kontekst fan 'e moderne Westerske maatskippij sprekt men wol fan in almar fierdergeande kommersjalisearring, wat ornaris as wat ferkeards sjoen wurdt. De Dútske ekonoom en filosoof Karl Marx spriek yn dat ferbân oer kommodifikaasje, wêrby't hieltyd mear aspekten fan it minsklik hâlden en dragen en de resultaten dêrfan útdrukt wurde yn jildwearde ynstee fan neffens de yntrinsike of ynherinte wearde.

Minsklike relaasjes krije troch it kommersjalisearringsproses in hieltyd saakliker karakter. Efterlizzende noarmen en wearden yn ûnderlinge relaasjes binne dan almar minder basearre op besibskip of freonskip, en almar mear op feardichheden en maatskiplike status. Fan gefolgen wurde dingen as rjochtfeardichheid en deugdsumens minder wichtich.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.