Yn it kompjûtermuseum, oprjochte yn 1992 en fêstige oan 'e Westerleane efter it stasjon fan Swol, steane der mear as fiif-en-tachtich âlde spulkompjûters ree om spultsjes út "eardere" tiden te spyljen. Om te begjinnen mei ien fan de earste spullen Pong en op te hâlden mei't ek in museum no ienris tichtgiet. It kompjûtermuseum ferhuze op 1 jannewaris 2015 fan Epe nei de binnenstêd fan Swol. Op dy gruttere lokaasje sil de kolleksje spulkompjûters útwreide wurde mei in samling persoanlike en profesjonele kompjûters dy't no noch yn depot steane.

Schneider 64k Colour Personal Computer CPC 464

Yn de 80- en 90-jierren fan de 20ste iuw kaam der in ferskaat oan persoanlike kompjûters op 'e merk. De ûntwikkelings giene rap. Mei it jier waard de faasje fan de sintrale ferwurkingsienheid grutter. En yn koarte tiid ferskode it bewarjen op flopkes dêr't mar in pear triemmen op koene, nei in fêste skiif mei in grut ûnthâld, lykwols noch hieltiten folle lytser as dat fan de hjoeddeistige mobile tillefoan. It ferhaal dat ienris begûn mei nullen en ienen, wurdt sichtber yn de taastbere skiednis - de kompjûters steane ree - fan de kolleksje.

Keppeling om utens

bewurkje seksje