Konkurrinsje (ekology)

(Trochferwiisd fan Konkurrinsje (biology))

Konkurrinsje is yn 'e ekology it gebrûk fan it natuerlike om-en-by troch organismen mei oerienkomstige behoeften. Der kin konkurrinsje plakfine om romte, fretten, wetter en (by planten) ljocht. Der wurde twa soarten konkurrinsje ûnderskaat:

  • ynterspesifike konkurrinsje is de konkurrinsje tusken yndividuën fan ferskillende soarten binnen ien biotoop
  • yntraspesifike konkurrinsje is de konkurrinsje tusken yndividuën binnen de populaasje fan ien soarte

Yntraspesifike konkurrinsje is in driuwende krêft efter natuerlike seleksje en in wichtich meganisme fan 'e evolúsje. Yntraspesifike konkurrinsje is sterker as ynterspesifike konkurrinsje, om't de yndividuën fan ien soarte in sterkere mjitte fan oerienkomstige libbensbehoeften hawwe as yndividuën fan ferskillende soarten.

Konkurrinsje yn 'e ekologyske en/of biologyske sin spilet in rol by wjerssidige útsluting. Dat is it prinsipe dat twa soarten net njonken inoar bestean kinne as se deselde ekologyske nys besette en dêrmei dus yn folsleine konkurrinsje ferkeare.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.