Konqueror


Untwikkelder It KDE Team
Meast resinte ferzje 4.9.1/ 4 septimber 2012
Platfoarm Multyplatfoarm (Linux, BSD, Solaris, Windows, Mac OS X)
Kategory Webblêder, Triembehearder
Lisinsje GNU General Public License
Webstee www.konqueror.org

Konqueror, oarspronklik útbrocht yn 1996, is in webblêder, triembehearder en triemwerjouwer yninoar, ûntwikkele as part fan de K Desktop Environment. It is ûntwikkele troch frijwilligers en kin omgean mei bestjoeringssystemen lykas linux, Windows en Mac Os X. Konqueror en dêrmei ek de rest fan de komponinten yn it pakket KDEBase, wurdt útbrocht ûnder de lisinsje fan GNU General Public License.

De namme "Konqueror" komt fan in wurdspultsje tusken twa blêderprogramma's: "After the Navigator and the Explorer comes the Conqueror". Conqueror wurdt stavere mei in K om sa oan te jaan dat it heard by de KDE famylje.[1]

Op 23 oktober, 2000 waard mei ferzje 2 fan KDE foar it earst Konqueror meilevere,[2] en ferfong it hjir syn foargonger KFM (KDE file manager).

 
Konqueror mei de haadside fan Wikipedia

De motor dy't soarget foar it werjaan fan websiden is KHTML, dy is net allinnich hiel avansearre mar ek útwikselber, wat te sjen is oan Safari de blêder fan Apple.

In stikmannich funksjes dy't stipe wurde troch de KHTML-motor:

  1. HTML 4.01 kompleet.
  2. ECMAscript 262 stipe (JavaSkript). ECMAscript kin noch wol swierrichheden feroarsaakje. Foardwaan as in oare blêder kin sokke siden soms wer oan de praat krije.
  3. Mooglikheid foar Java applets.
  4. Cascading Style Sheets:
  5. DOM1, DOM2 en foar in diel stipe foar DOM3 yn ECMAScript en native C++ binings.
  6. Full stipe foar bidirectional skripts (Arabysk en hebriuwsk).
  7. SSL stipe (fereasket OpenSSL).


Triembehearder

bewurkje seksje
 
Konqueror as triembehearder

Konqueror hat de mooglikheid om troch de triemtafels te rinnen, troch óf in adres yn te fieren yn it adresfjild, óf in item te selektearjen yn it finster fan de webblêder. It byld dat jo sjogge as jo brûkme meitsje fan de triembehearder is frij oan te passen, sadat grutte en it brûken fan byldkaikes nei jo ynsicht barre kin. Triemmen kinne ek kopiearre, ferpleatst, wiske, besjoen of útfierd wurde.

It is ek mooglik om in ynbêde ferzje fan de Konsole te starten, sadat spesifike kommando's útfierd wurde kinne.

It is wol sa dat Konqueror as triembehearder net mear ûntwikkele wurdt omdat it yn KDE 4 as standert triembehearder ferfongen is troch Dolfyn.

Triemwerjouwer

bewurkje seksje

Troch it brûken fan it Kparts objektmodel, kin Konqueror komponinten útfiere dy't stipe ha foar it werjaan fan beskate triemtypen en har ûnderbringe yn in paniel. Dat makket it mooglik om, bygelyks, in OpenDocument (mei help fan KOffice) of PDF dokumint fanút Konqueror te besjen. Alle applikaasjes dy't it KParts-model goed brûke, kinne sa ynbêde wurde.

KParts kin ek brûkt wurde om yn HTML-siden beskiede typen fan multymedia yn te sluten. Dat jout KMPlayer's KPart de mooglikheid oan Konqueror om fideo op websiden te besjen.

Lykas Konqueror brûkme meitsje kin fan oare programma's sa wurket it ek oarsom. Sa krije je bygelyks programma's dy by it ôfspyljen fan in kompaktskyfke de ynformaasje fan de artyst werjouwe.

 
Konqueror lit de ynhâld fan in audioskiif sjen

Konqueror kin mei help fan KIO-plugins syn mooglikheden útwreidzje bûten it gewoane triem sneupjen en it besjen fan websteeën. Sa kin Konqueror mei KIO-plugins (neamd IOslaves) tagong krije ta ZIP triemmen en oare argiven, smb (Windows) shares, en ed2k(edonkey/emule) keppelings ferwurkje , en sels troch audio CDs blêdzje, ("audiocd:/") en har rippe. De IOslave FISH ("fish://user@host") lit Konqueror triemmen beheare op secure shell tsjinners op ôfstân, en de "man:" en "info:" IOslaves binne handich foar it ynheljen fan kreas opmakke dokumintaasje.

Mear ynformaasje kinne jo fine yn de seksje fan KDE Ynfo sintrale protokollen.

Konqueror is ûntwikkele foar Linux, mar it kin oeral wurkje wêr't KDE op te ynstallearjen is. Dat binne dus Unix-eftige systemen, lykas BSD en Solaris, mar ek Mac OS X en Windows.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Konqueror - Konqueror FAQ
  2. K Desktop Environment - KDE 2.0 Release Announcement