Kontrafagot
De kontrafagot is in houtblaasynstrumint dat as kontrabas noch wer grutter en in oktaaf leger is as de 'gewoane' fagot. De leechste toan dy't op in kontrafagot makke wurde kin is de A2 (subkontra-A) en is dêrmei it leechste houten blaasynstrumint. De folsleine buislingte is 5,96 meter en is in pear kear 'dûbelteard' foar it geriif fan de bespiler. De kontrafagot stiet op in ferstelbere punt foar de bespiler. It dûbelreid is in slach grutter as dat fan de 'gewoane' fagot.
Yn it klassike symfony-orkest wurde amper kontrafagotten foarskreaun. Ien fan de âldste partituerfermeldings is te finen yn de Johannes Passion fan Johann Sebastian Bach. Yn de partituer stiet de opmerking col bassono grande; ek is der in spesjale muzykpartij foar in lege fagot fan de hân fan Bach. It is lykwols de fraach oft dêrmei in ynstrumint mei it hjoeddeiske berik bedoeld waard. Yn 1784 wurdt de Messiah fan Georg Friedrich Händel útfierd mei in kontrafagot, en noch wol foar de rest fan it orkest pleatst. It wie lykwols Ludwig van Beethoven dy't as ien fan de earsten gebrûk makke fan in kontrafagot yn moderne sin, yn syn Symfony No. 5. Yn grutte symfoanyske stikken, lykas fan Gustav Mahler, Dmitri Sjostakovitsj en Maurice Ravel fine wy sûnt dan faker in kontrafagotpartij. Yn de troch Deryck Cooke ôf makke tsiende symfony fan Mahler hearre wy sels twa kontrafagotten (yn de Finale). Gauris spilet de twadde of tredde fagottist ôfwikseljend fagot en kontrafagot yn ien stik.
Orkeststikken mei promininte kontrafagot-solo
bewurkje seksje- Kontrafagotkonsert fan Kalevi Aho;
- Ma Mère l'Oye, fan Maurice Ravel;
- Pianokonsert foar de linkerhân (Ravel), fan Maurice Ravel.