Koolhoven FK.58


Rol Jachtfleantúch
Makker Koolhoven
Untwerper Erich Schatzki
Earste flecht 17 july 1938
Yn tsjinst 1940
Ut tsjinst 1940
Tal makke 20 (1939-1940)
Brûkers Frankryk, Poalen

De Koolhoven F.K.58 wie in ienmotorige jachtfleanmasine, ûntwurpen troch it Nederlânske fleanmasinefabryk Koolhoven (ûntwerper wie Erich Schatzki) en ûnder kontrakt yn Frankryk makke. It tastel wie bedoeld foar de Frânske Loftmacht (Armée de l'Air), benammen om ynset te wurden yn de koloanjen. De F.K.58 spile in beskieden rol yn de slach om Frankryk yn 1940. Teffens tsjinne dizze Koolhoven by de Poalske loftmacht.

It prototype F.K.58 yn 1938

Untwerp en ûntwikkelingsgong

bewurkje seksje

Doe't it yn 1937 de Frânske Loftfeart Rie dúdlik waard dat ynlânske fabrikanten net genôch jachtfleanmasines meitsje koenen, dêr't de Frânske Loftmacht wol ferlet fan hie, waarden de Nederlanners frege om in goedkeape jager, mei dochs goede prestaasjes te meitsjen. Ienris makke, die bliken dat de F.K.58 better wie as de M.S.406 en dat er fergelike wurde mocht mei de Bloch MB.151, mar dat er belies jaan moast oan de D.520 en de measte Dútske jachtfleanmasines fan dy tiid. De bou fan de F.K.58 kin fergelike wurde mei de Hurricane, dy't beide in romp fan houten en metalen buizen hawwe en in beklaaiing fan metaal en linnen. De wjukken wienen hielendal fan hout makke.

It prototype Koolhoven Model 1166 (letter F.K.58 neamd) fleach foar it earst op 17 july 1938. De Frânsken bestelden 50 F.K.58's yn jannewaris 1939 en Nederlân bestelde 36 op grûn fan de prestaasjes fan it twadde prototype (de earste wie al crashed), mar dan mei Bristol Taurus motors. Spitigernôch koenen mar 17 fan de Frânske bestelling ôfmakke wurde yn de Frânske fabriken troch brek oan motors en ynstruminten, dat de oare tastellen krigen Nederlânske ûnderdielen. De produksje waard oerbrocht nei Nevèrs dêr't noch ien F.K.58 makke waard. De jagers dy't al klear wienen (7 F.K.58s, 11 F.K.58As) krigen doe in Frânske útrissing en de liende ûnderdielen gienen werom nei Nederlân.

Yn in loftgefjocht wie dizze Koolhoven de mindere fan de Dútske jagers, dat saakkundigen tinke dat de útslach fan de loftslach boppe Frankryk net folle oars west hawwe soe at alle 50 bestelde F.K.58's doe operasjoneel west hiene.

  • Earste flecht: 17 july 1938
  • Oantal boud: 18
  • Bemanning: 1
  • Lingte: 8.7 m
  • Spanwiidte: 11 m
  • Hichte: 3 m
  • Fleugeloerflak: 17,3 m²
  • Gewicht leech: 1930 kg
  • Gewicht maks. laden: 2,750 kg
  • Motor:Gnome-Rhône 14N radiaalmotor (stjermotor) fan 1030 hk
  • Maks. faasje: 475 km/o
  • Krúsfaasje: 430 km/o
  • Fleanberik: 750 km
  • Plafond: 10.000 m
  • Klimfaasje: 11.6 m/s
  • Bewapeing: 4 x 7.5 mm FN-Browning masinegewearen ûnder de fleugels
F.K.58 Prototype
Prototype mei in 1,080 hk Hispano-Suiza 14AA-motor, 2 makke.
FK-58 [Bristol Taurus]
Nederlânske ferzje mei in Bristol Taurus-motor, stykjen bleaun yn ûntwerpfaze.
F.K.58
Earste produksjefariant mei in Hispano-Suiza 14A radiaalmotor, 7 makke.
F.K.58A
Produksjeferzje mei in Gnome-Rhône 14N/16-motor, 11 makke.
  • Dominique Breffort / André Jouineau / Alan McKay (oersetter), French Aircraft from 1939 to 1942 Volume 2: From Dewoitine to Potez, Histoire & Collections, ISBN 2915239495 (in)

Keppeling om utens

bewurkje seksje