Koos(je) van Keulen (Amsterdam, 19 augustus 1940) is in realistyske keunstskilder en tekstylkeunstner. Se folge fan 1960 oant 1963 in oplieding oan de Rijksnormaalschool voor Teekenonderwijzers yn Amsterdam.

Har wurk bestiet foar in grut part út portretten en arsjitektoanyske foarmen. Hja brûkt geregeldwei sân- en okerkleuren. Benammen it strykljocht jout faak in spesjaal effekt. Ein jierren njoggentich ûntwikkelt hja in eigen, lossere styl. It figurative waard hieltiten abstrakter. Sa ûntstienen bylden wêryn de romte útien like te spatten yn in eksploazje fan loft, wolkens en stikken fan ingelefigueren. Ek fragminten fan arsjitektuer waarden yn it wurk ferwurke.

Ynspiraasjeboarnen binne eardere skilders as Pierro della Francesca en Johannes Vermeer. Fragminten fan sokke âlde wurken wurde ek wol ferwurke yn wurk fan Van Keulen.

Har wurk is oankocht troch partikulieren, mar is ek opnommen yn kolleksjes fan bedriuwen lykas de ING Bank Amsterdam. Eksposysjes fan har wienen yn it Amsterdams Histoarysk Museum. Koos van Keulen docht ek mei oan Art Amsterdam, Realisme Amsterdam, Art Verona (Itaalje) en Lineart (Belgje).

Sy wurke yn Amsterdam, Den Helder, Vinkeveen en yn Warkum (1970 - 2010).

Van Keulen is lid fan de Fryske Kultuerried.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: