Trijeperioadesysteem
Holo-
seen
Histoaryske Tiid
La Tène-tiidrek   Proto-
histoarje
Hallstatt-tiidrek
Izertiid
  Let  
Midden
Ier
Brûnstiid
Neolitikum Kopertiid  
Let Pre-
histoarje
Midden
Ier
Mesoli- tikum of
Epipaleo-
litikum
Let
Midden
Ier
Pleis-
toseen
Paleo- litikum Let
Midden
Ier
Stientiid

De kopertiid of koperstientiid, ek galkolitikum neamd, is in tiidrek dat wol beskôge wurdt as it lêste part fan de jonge stientiid en dêr't de minske yn learde it koper metaal te bewurkjen en dêr ark fan makke.

De âldste koperfynsten komme út Anatoalje (Turkije), om 8000 f.Kr. hinne. Ynearsten waard allinnich koper brûkt sa't it foarkomt yn de natuer. Pas yn it 5e millennium f.Kr. waard ûntdutsen dat guon ertsen, koper oplevere as sy hjit makke wurde. Dêrfoar hienen de minsken wol spesjale ûnen nedich: in gewoan houtskoalfjoer kin net waarmer wurde as 700 °C, en it smeltpunt fan koper leit by 1085 °C.

Koper is in sêft metaal en net goed om ark fan te meitsjen. Troch lytse hoemannichten fan in oar metaal oan koper ta te foegjen wurdt it folle sterker. Dat wurket foaral goed mei tin: troch tin oan koper ta te foegjen ûntstiet brûns, soks wurdt in legearing neamd. Nei ferrin fan tiid kaam brûns hieltyd faker foar, dêr't in ein mei kaam oan de kopertiid en de brûnstiid begjint.

Yn Nederlân binne wol wat koperen foarwerpen fûn, mar der is lykwols net echt te sprekken fan in dúdlik oan te wizen kopertiid.