Kopete
Kopete | |
---|---|
Kopete 0.12.4 | |
| |
Untwikkelder | Kopete ûntwikkelders |
Meast resinte ferzje | 0.50.80/ 29 july, 2008 |
Kategory | Instant messaging |
Lisinsje | GNU General Public License |
Webstee | http://kopete.kde.org |
Kopete is in chatprogramma mei in brede stipe foar protokollen. De oarspronklike ferzje is fan 2001. It is ûntwikkele foar in djippe yntregraasje mei de buroblêdomjouwing fan KDE. Sa kin it adresboek fan KDE oan Kopete keppele wurde.
Protokollen
bewurkje seksjeKopete stipet de folgjende protokollen:
- .NET Messenger Service
- AOL Instant Messenger
- Gadu-Gadu
- ICQ
- Internet Relay Chat (noch yn ûntwikkeling)
- Jabber (XMPP) mei jingle foar stim (It selde dy't Google Talk brûkt)
- Lotus Sametime mei help fan de Meanwhile ynstekker
- Novell GroupWise
- SMS
- Skype (mei help fan Kopete Skype) (ôfkard)
- Winpopup Windows âlde netwurk berjochten tsjinst.
- Yahoo! Messenger
Funksjes
bewurkje seksje- Berjochten groepearje yn it finster, mei ljeppers om maklik tusken konversaasjes te wikseljen.
- Akkount opsje stiet in brûker ta om mei meardere akkounten oan te melden.
- It omgean mei meardere akkounten dy't oer deselde ferbining tagelyk brûkme meitsje (bgl. 3 fan ICQ en 2 fan Jabber).
- Kontakten kinne skûlnammen brûke.
- Ferskillende kontakten, dy't ien en deselde persoan binne, groepearje as ien meta-kontakt. [1]
- Oanpaste notifikaasjes foar meta-kontakten. [2]
- KAddressBook en KMail yntegraasje.
- Mei de skiednisynstekker konversaasjes bewarje.
- It uterlik fan it tsjetfinster opmeitsje mei help fan XSL en CSS.
- Stipe foar oanpaste emo-byldkaikes.
- In oanpaste notifikaasje kin, in meidieling opkomme litte, in lûd ôfspylje, of in berjocht stjoere nei in kontakt.
- MSN en Yahoo! messenger webkam stipe.
- Staveringshifker as-jo-type ûnder it tsjetten.
Ynstekkers
bewurkje seksjeStandert, stipet Kopete de folgjende ynstekkers. [3]
- Autoferfange
- Ferbiningstastân
- Kontaktnotysjes
- Kryptografy
- Markearje
- Skiednis
- KopeteTeX
- Motion Auto-efkes fuort
- Lústerje no nei
- Statistiken
- Tekst Effekt
- Oersetter
- Web mooglikheid
It paad foarút
bewurkje seksjeKDE 4.1
bewurkje seksjeDer steane in tal ferbetterings yn de planning, mar op it stuit is KDE4.1 útkaam en is it net wis of dizze plande ferbetterings it wol helle ha.
- Strigi yntegraasje: Kopete makket brûk fan Strigi om troch de skiednis te sykjen
- Kross yntegraasje: Kross sil ûntwikkelders de mooglikheid jaan om ynstekkers te skriuwen yn skripttalen dy't troch Kross stipe wurde
- Ferbeterre ynterfaasje: Ferbetterings foar it kontaktfinster en algemiene uterlik, mei respekt foar de KDE Human Interface Guidelines
KDE 4.2
bewurkje seksje- Gast moadus: Hjirmei kinne oare brûkers oanmelde, sûnder de brûkersynstellings te befolkjen, ek wol omskreaun as in sânbakmoadus
- Folsleine yntergraasje fan Telepathy/Decibel: Dat sil twa doelstellingen hawwe, ien om de protokollen dy't al yn Kopete sitte beskikber te meitsjen as telepaty ferbiningsbehearders. De oare is om de protokollen fan de applikaasje te skieden (lyk oan wat Pidgin dien hat)